Provinsjale Steaten fan Fryslân al moannenlang 'kreatyf' mei stimregels

28 okt 2020 - 06:15

Provinsjale Steaten fan Fryslân binne op de lêste trije gearkomsten mooglik wat 'te kreatyf' omgien mei de regels by it stimmen. Op de gearkomste fan 21 oktober koene de Steateleden Harry Graansma fan de PVV en Theun Wiersma fan 50PLUS thús meistimme, wylst se net yn it Provinsjehûs wiene. Ek by de gearkomsten fan septimber en july waard troch guon Steateleden thús meistimd.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De nije tydlike wet digitale beslútfoarming jout Steateleden de mooglikheid om thús digitaal te stimmen, mar allinnich as in mearderheid fan de Steateleden dat sa docht. Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok tinkt dat de Fryske oplossing foar in saneamde 'hybride stimming' net oan de wet foldocht.

Geerten Boogaard is heechlearaar 'desintrale oerheden' oan de Universiteit fan Leiden. Hy neamt de hybride stimmingen yn de Fryske Steaten yn in earste reaksje 'wonderlijk'. "De tijdelijke wet digitale besluitvorming voorziet in een fysieke stemming óf in een digitale stemming, maar niet in een hybride stemming."

Neffens Boogaard soe it better wêze as in Steatelid dat net by de gearkomste wêze kin, mei in Steatelid dat der wol is - en in tsjinoerstelde miening hat - ôfpraat om ek net te stimmen. Dat saneamde 'pairen' wurdt yn de Twadde Keamer geregeld tapast.

Brok: sels bepale

Kommissaris Arno Brok fynt dat Provinsjale Steaten yn dizze tiid pragmatysk en linich mei de regels omgean moatte. "It is in beslút fan de Steaten om it sa te dwaan. Mar der binne Steateleden dy't it yngewikkeld fine en dêrom prate we der dizze wike op 'e nij oer", seit Brok. "Wy bepale yn Fryslân graach sels hoe't we de saken regelje, dat past ek wol in bytsje by ús folksaard. It wichtichste is dat we ús parlemint gewoan funksjonearje litte kinne."

Oerstappe op digitale gearkomsten

It Presidium praat woansdei ek oer it fersyk fan 50PLUS-Steatelid Theun Wiersma om wer oer te stappen op digitale gearkomsten. Wiersma wol sels net fysyk fergaderje yn dizze coronatiid. Trochgean mei fysike gearkomsten soe dêrtroch betsjutte dat hy net mear meiprate kin.

Kommissaris Brok soe dat spitich fine. "Wiersma hat in punt, mar der binne ek fraksjes dy't prinsipieel tsjin digitaal fergaderje binne. Wy moatte hjir op in linige en begrypfolle wize mei-inoar oer prate en wa wit fine we in goeie oplossing foar ús begruttingsgearkomste yn novimber."

Brok kin him goed foarstelle dat it definitive beslút oer dy gearkomste letter nommen wurdt, sadat it mooglik is om rekken te hâlden mei de corona-ûntwikkelingen op dat stuit.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)