SC Hearrenfean yn KNVB Beker te sterk foar ferswakke TOP Oss

SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn ienfâldich de twadde ronde fan it KNVB Beker-toernoai berikt. Yn it Abe Lenstra Stadion wie de earedifyzjonist mei 3-1 te sterk foar TOP Oss. It wie lang ûnwis oft de wedstriid tsjin de ploech út de Keuken Kampioen Divisie trochgean koe fanwegen in corona-útbraak by TOP.
SC Hearrenfean fiert in doelpunt © www.orange-pictures.nl
De thúsploech kaam al yn de alfde minút op foarsprong troch in doelpunt fan Joey Veerman. Hy koe mei in pleatst skot yn de fiere hoek keeper Bo Geens passearje. De earstedifyzjonist kaam mei hast in heal oere op de klok lykwols wer op likense hichte. Joshua Sanches skeat nei in hakbal fan Dennis van der Heijden fia de binnenkant fan de peal binnen.
Lang koe de Brabânske ploech net fan de 1-1 genietsje, want fjouwer minuten letter makke Benjamin Nygren der mei in yntikker op oanjaan fan Joey Veerman der 2-1 fan. Nygren wie yn de 40e minút ek belutsen by de tredde Fryske goal fan de jûn. Rodney Kongolo koe syn korner fia de ûnderkant fan de latte binnenkoppe.

Gjin goals mear

Yn de twadde helte krige SC Hearrenfean noch wol in pear goede kânsen, mar ta goals kaam dat net mear. Henk Veerman wie mei in oere op de klok noch it meast tichteby. Hy kaam each-yn-each mei doelman Geens, mar hy slagge der net yn syn lob oer de keeper hinne te krijen.
De tsjinstanner fan SC Hearrenfean yn de twadde ronde is noch net bekend. Fanwegen de coronamaatregels stean de earsterondewedstriden mei de amateurs pas yn desimber op it programma.
SC Hearrenfean - TOP Oss 3-1 (3-1): 11' 1-0 Joey Veerman; 29' 1-1 Joshua Sanches; 33' 2-1 Benjamin Nygren; 40' 3-1 Rodney Kongolo.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Akujobi (84' Floranus), Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Dewaele (77' Hajal); Nygren (77' Llanez), H. Veerman, Van Bergen.