Ferhuzing en corona, hoe sjocht Jaarsma werom op ôfrûne seizoen Sybrandy's?

27 okt 2020 - 21:15

In lyts healjier nei de iepening binne de doarren alwer ticht fan it nije boarterspark Sybrandy's by de Hege Gerzen. Foar de winterstop, want takom jier giet it park gewoan wer iepen. Undernimmer Sjerp Jaarsma hat it hiele park ferhuze fan Riis nei Aldemardum. In reis wie dat fan fjouwer kilometer, mar dy hie hiel wat fuotten yn de ierde. En no't it seizoen derop sit, is it noch hieltyd gjin tiid foar fakânsje foar Jaarsma...

Sybrandy's Speelpark by De Hege Gerzen by Aldemardum - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"We sitte yn it ûnderhâld. Dêrby krij ik in soad stipe fan de famylje Sybrandy, dy hawwe dêr in soad doel oer. Dat diene se altyd sels. We ha it der drok mei, want we wolle in natuerpark taheakje oan it park", leit Jaarsma út. "Der komt in 'blotevoetenpad' foar bern, der komt in 'vogelkijkpunt'. Dus wy hoege ús net te ferfelen de kommende tiid."

Corona

Jaarsma sjocht nettsjinsteande de corona werom op in moai seizoen. "We binne hartstikke bliid dat we it park behâlde hawwe kinnen foar de regio en dat we oer in pear jier 100 jier boarterstún yn Gaasterlân fiere kinne", seit Jaarsma.

Yn april hopet Jaarsma wêr iepen te kinnen. "Dan hoopje we ek wer de skoalreiskes te krijen, want dy ha we wol minder hân fanwegen corona", sa seit Jaarsma.

Sjerp Jaarsma yn Weistra op Wei oer it ôfrûne seizoen

(Advertinsje)
(Advertinsje)