Auto fljocht oer de kop by Waskemar; bestjoerder ferwûne

27 okt 2020 - 20:30

Op de Leidijk by Waskemar is tiisdeitejûn in auto oer de kop slein. De bestjoerder rekke ferwûne by it ûngelok.

Foto: De Vries Media

Troch in ûnbekende oarsaak kaam de bestjoerder mei syn auto yn de berm terjochte en sloech de auto oer de kop.

It ambulânsepersoniel hat de bestjoerder behannele yn de ambulânse. Dy is dêrnei meinommen nei it sikehûs. It is net bekend hoe slim oft de ferwûningen fan it slachtoffer binne.

Trefwurden: 
ûngelok Waskemar
(Advertinsje)
(Advertinsje)