Húsdokter oer grypprik-advys Blokhuis: "Dat hadden ze twee maanden eerder moeten doen"

27 okt 2020 - 19:57

Steatssekretaris Blokhuis freget oan sûne minsken tusken de 60 en 70 jier om de grypprik foarearst net te heljen. Fanwegen de coronakrisis is de fraach nei de prik dit jier grutter as oars en it liket derop dat der net genôch faksins binne foar de hiele doelgroep. Neffens húsdokter Lievense komt de oprop fan Blokhuis lykwols wol wat let.

In persoan krijt in grypprik - Foto: Omrop Fryslân

"Ik snap het wel, alleen dat hadden ze een of twee maanden eerder moeten doen en misschien nog wel eerder, want je bestelt in de zomer het aantal vaccinaties. Dus dat is een grote koerswijziging en net als met een mammoettanker moet je wel echt van tevoren je koerswijziging in gaan zetten", seit Lievense.

Lievense fernimt dat de fraach dit jier grutter is. "Dat is heel goed te begrijpen. Het is natuurlijk niet een vaccinatie tegen corona, de griepprik, maar als zodanig geeft het wel ietsje meer bescherming om de winter goed door te komen. Ik denk dat dat een goede keuze is, zeker voor de kwetsbare mensen", seit Lievense, dy't op it stuit sels noch wol genôch faksinaasjes hat.

Ferslachjouwer Willem de Vries seach by de faksinaasjes

Trefwurden: 
húsdokter grypprik
(Advertinsje)
(Advertinsje)