Tiny de Boer fan kliïnteried Talma Hiem: "It is yntins fertrietlik"

De útbraak fan it coronafirus yn soarchsintrum Talma Hiem yn Balk, is in grutte skok foar de bewenners. Sechstjin bewenners en sân meiwurkers binne besmet mei it firus. Twa minsken binne ferstoarn. Tiny de Boer, foarsitter fan de kliïnteried yn Talmahiem, wennet sels net yn it soarchsintrum mar is wol yn nau kontakt mei de bewenners. "Ik bin bot skrokken. It is hiel fertrietlik dat se dit no trochmeitsje moatte en it begruttet my."
Talma Hiem © Talma Hiem
De kliïnteried wurdt goed op de hichte holden fan alles dat der bart. "Ik ha hjoed fan alle kanten berjocht krigen wat der spilet. Allinnich wurde we net belutsen by de beslútfoarming", fertelt De Boer. Dat lêste begrypt se lykwols goed: "Dêr kinne je ek net safolle oan bydrage. Talma Hiem folget foaral de advizen fan de GGD op."

Kontakt

Foar De Boer is it no foaral wichtich om yn kontakt te bliuwen mei 'har' minsken, sa't se sels seit. "Yn de earste golf ha ik 750 kaarten stjoerd nei alle bewenners. Ek kaam ik wolris foar in bakje kofje, dan stie ik bûten en gie it rút efkes iepen. Sa koene we dochs byprate."
Wichtich is neffens har foaral dat der, wêr mooglik, wol besite del komme mei. "We sille der ek alles oan dwaan dat net alles wer ôfsletten wurdt. It docht de minsken echt wat. In bewenner sei: 'Tiny, we sieten yn in gefangenis.' As je dat hearre, dan giet dat dwers troch je hinne. Dit moatte we de minsken besparje, dat meie se net wer mei meitsje."
Tiny de Boer, foarsitter fan de kliïnteried fan Talmahiem