Wolvegeaster stellen byld 'Mens en Dier' yn stikken weromfûn

27 okt 2020 - 17:41

It Wolvegeaster stellen byld 'Mens en Dier' is weromfûn. It keunstwurk wie it ôfrûne wykein fan de sokkel ferdwûn by drafbaan Victoria. It docht bliken dat it byld net allinnich stellen is, mar ek folslein fernield. It leit yn stikken op de gemeentewerf. De fraach is noch mar oft it byld wer makke wurde kin. Der is noch gjin spoar fan de dieder(s).

Foto: Foto Evert Pultrum

It byld is fan keunstner David van Kampen en stie jierrenlang oan it Van der Sandeplein yn Wolvegea. It is dêr yn 2015 weihelle fanwegen de werynrjochting fan it plein. It keunstwurk wie makke fan brûns. De gemeente hat oanjefte dien fan fandalisme by de plysje.

It byld 'Mens en Dier' sa as it wie - Foto: -
(Advertinsje)
(Advertinsje)