Studinten helpe inoar mei psychyske noed troch corona

Studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden dy't yn psychyske noed sitte troch de coronakrisis kinne telâne by kollega-studinten om oer harren problemen te praten. It 'Atelier Studentwelzijn en Studiesucces' is al twa jier lyn opset, mar krijt no troch corona benammen in soad fragen oer iensumens en thús studearjen.
Studinten helpe oare studinten mei psygyske noed troch Corona
"It is net sa dat we no mear oanmeldings krije, mar wol oare", sa seit inisjatyfnimster Nynke Boonstra. Dat studinten troch corona iensum binne docht ûnder oare bliken út in resinte enkête ûnder de studinten fan de Friese Poort. Dêr die út bliken dat mar leafst ien op de fiif studinten sit mei klachten lykas depresje en iensumens.
Boonstra skrikt net fan dy sifers. "Ien op de fiif is ek wat oer it algemien it gemiddelde is yn ús lân fan minsken mei psychyske klachten. En it is bekend dat de measte klachten al oan it ljocht komme foar it 25e libbensjier."
Dochs is der wol wat feroare troch corona. "Studinten sitte thús en benammen op harren leeftiid hawwe se it nedich dat se mei leeftiidsgenoaten omgean. Dêr spegelje se harren oan en dat kin no fansels net."
© Wytse Vellinga, Omrop Fryslân
Studint Sebastiaan Amizambia werkent dat. "Je mist wel echt het onderlinge contact. Je komt niet meer even bij elkaar voor een kopje koffie en gaat niet naar een feestje. En ook even bijpraten over de studie gaat niet zo makkelijk. Het kan allemaal wel online, maar het is toch niet hetzelfde."
Amizambia is ien fan de studinten dy't oansletten is by it Atelier. Troch mei studinten yn petear te gean besiket hy harren der wer boppe-op te helpen. "En dat proberen we vooral nog gewoon hier op school te doen. Mensen kunnen gewoon binnenlopen voor een praatje, maar het kan ook digitaal."
Hy fernimt dat de minsken dy't foar help komme, it echt noflik fine dat se holpen wurde troch ien dy't sels ek studint is. "Je hebt gewoon veel sneller door waar ze tegen aan lopen. Omdat je zelf misschien deels die problemen ook hebt of omdat je dingen herkent van andere studenten."
© Wytse Vellinga, Omrop Fryslân
Neffens Boonstra is it net drokker wurden yn it Atelier sûnt de útbraak fan it coronafirus. Dat kin diels komme trochdat de studinten it atelier net witte te finen. "Us studinten rûnen hjir gewoan troch it gebou en dan waarden se al gau efkes oansprutsen of se fertelden der sels oer tsjin oaren. No moatte we it benammen oer de sosjale media fertelle."