Heal miljard stipe ek foar merkelju en hoareka: Wy binne bliid mei elke sint

It kabinet lûkt mei-inoar in heal miljard euro út foar stipe oan bedriuwen dy't troffen binne troch de coronakrisis. Der komme nije regelingen by, benammen foar de hoareka en de evenemintebrânsj. Wat fynt de merkebrânsj en de hoarekabrânsj dêrfan? Wy hifken by harren organisaasjes.
Merke yn Burgum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Foarsitter Atze Lubach fan it lanlik bûn fan merkebedriuwen is postiyf oer de nije stiperegeling. Mar der is noch in soad ûnwis. It is no de ein fan it merkeseizoen en twa wiken ferlyn kaam der foar de twadde kear in ferbod. Mids oktober wiene der noch ferskate grutte merken yn it lân. Dy moasten doe allegearre ophâlde.

Oaljekoekkreamen

Wat der noch oer is, binne de 1700 oarljekoekkreamen. Dy hawwe wikseljende omsetten. As se by it iepenbier ferfier stean, ferkeapje se minder want der binne minder reizgers. Stean se by in túnsintrum of in boumerk, dan ferkeapje se miskien wat mear, want minsken wolle it thús gesellich meitsje, neffens Lubach.

Tastân yn 2021

Mar koe komt it takom jier mei de 1400 merken, freget Lubach him ôf. Kinne se noch trochgean , al of net yn oanpaste foarm? Wat him wol stekt, is dat der sprake is fan willekar. It kabinet hie de merkesektor earder wer de romte jûn. As lokaasje mei trochstreamend publyk mochten de merken wer begjinne. Mar sagau't de boargemasters en de feilichheidsregio's in negatyf advys joegen, moasten se wer ticht.
No binne wy wer ferbean, wylst oare kollega's dy't ek ûntfange yn de bûtenloft wol trochgean meie.
Atze Lubach
Lubach: "No binne wy wer ferbean, wylst oare kollega's dy't ek ûntfange yn de bûtenloft wol trochgean meie. Dat kinne wy as organisaasje net út lizze oan ús minsken. "
Mar Lubach snapt it wol: "Wy hawwe allegeare mar ien doel en dat is soargje dat wy sagau mooglik fan dizze pandemy ôf binne. En dat we wer normaal ûndernimme kinne. It is in saak fan lange azem, mar dizze azem duorret wol hiel lang."

Bliid mei elke sint

Ek Corné van de Erve fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland is posityf oer de nije stipepakketen. "Een klein lichtstraaltje en een beetje positief", seit Van de Erve. "We kunnen allemaal negatief zijn, maar ik denk dat we blij moeten zijn met elke cent die we krijgen."
Van de Erve is foaral optein dat de hoareka no mear serieus naam wurdt troch it regear. "Alle regels zijn moeilijk te begrijpen en we hebben het enorm zwaar, maar ik was verheugd om te lezen dat het kabinet dat ook begrijpt. We zijn er nog lang niet en ook wij willen perspectief. Maar ik vind wel dat ze nu hebben laten zien, we nemen de horeca en andere bedrijfstakken serieus."
Atze Lubach en Corné van de Erve oer de nije coronastipe