Stoarmrin op fysioterapy troch thúswurkjen, CNV hat noed

27 okt 2020 - 17:18

Minsken dy't thúswurkje moatte troch de coronakrisis, krije hieltyd faker lêst fan de nekke, holle, skouders en rêch. Dat docht bliken út ûndersyk fan it fakbûn CNV. Hast de helte fan de thúswurkers seit sûnensklachten te hawwen. De fysioterapeuten hawwe it der drok mei, sa fernimt Jochum van Brummelen. Hy is de eigener fan Fysiotherapie Leeuwarden oan de Nijlânsdyk.

Thúswurkje

Neffens it CNV giet ien op de tsien thúswurkers nei de therapeut. "Er werken hier elf fysiotherapeuten en we hebben onze handen vol aan mensen die klachten krijgen door het thuiswerken. Mensen zitten aan een keukentafel of in een zolderkamertje te werken, op een verkeerde stoel die niet op de juiste hoogte is afgesteld. Dan krijg je gegarandeerd problemen. Is het niet vandaag, dan wel morgen", seit Van Brummelen.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn petear mei fysioterapeut Jochum van Brummelen

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It CNV hat ûndersyk dien ûnder 2.600 leden. Dêrút die bliken dat 44 persint fan de thúswurkers net beskikt oer in Arbo-ferantwurde wurkplak en 35 persint wit net oft se wol in goeie hâlding oannimme by it wurk "We schrikken van de uitkomsten van dit onderzoek. Het betekent dat honderdduizenden thuiswerkers last hebben van fysieke klachten. Onacceptabel", stelt CNV-foarsitter Piet Fortuin.

Fitpakket

It fakbûn wol dat wurkjouwers harren personiel thús in fitpakket oanbiede, mei in online coach dy't de minsken fysyk en mentaal troch de krisis hinne helpt. Want der binne net allinne lichaamlike klachten. "Daarnaast is er ook een hogere mentale belasting: 36 procent van de thuiswerkers voelt zich geïsoleerd, bijna een kwart voelt zich overbelast. Een op de drie ervaart meer concentratieproblemen, 28 procent is vaker uitgeput. Acht procent zit tegen een burn-out aan en eenzelfde percentage ervaart meer relatieproblemen met de partner'', sa seit it CNV.

Piet Fortuin fan CNV en ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei thúswurkster Larissa Haaksma

(Advertinsje)
(Advertinsje)