Wolvegeaster (50) moat jier de sel yn fanwegen misbrûken fan syn styfdochter

27 okt 2020 - 16:16

In 50-jierrige man út Wolvegea is tiisdei feroardiele ta in jier selstraf en in healjier selstraf ûnder betingst foar it misbrûken fan syn styfdochter. Dat barde tusken begjin 2017 en maart 2018 by it famke en har mem thús yn Assen. It famke wie doe 16 en letter 17 jier âld.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De mem fan it famke die yn 2018 oanjefte neidat se har freon betrape mei it famke. Doe't se nachts nei de wc gie seach se har freon efter har healneaken dochter stean.

De man ûntkent dat hy seksuele hannelingen dien hat, mar neffens de rjochtbank is der wol genôch bewiis. It slachtoffer hat ferklearre dat se geregeld seks hân hiene. Neffens de rjochtbank hat de man misbrûk makke fan de kwetsbere posysje sjoen har leeftiid en syn rol as styfheit.

De man is yntusken ferhuze nei Wolvegea. Hy moat it famke in skeafergoeding fan 10.000 euro betelje.

Trefwurden: 
Wolvegea rjochtbank misbrûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)