Provinsje wol prate mei Arriva oer tydlike buskonsesje foar 2022-2024

27 okt 2020 - 16:15

De provinsje Fryslân wol mei busferfierder Arriva prate oer in tydlike buskonsesje foar de perioade 2022-2024. De provinsje soe eins los mei in iepen oanbestegingsproseduere foar de kommende tsien jier, mar sjocht dêr no fanwege de coronakrisis fanôf.

In bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Omdat busbedriuwen dit jier de helte minder reizgers hawwe is it foar harren dreech om in goed oanbod te dwaan. "De bedrijven zijn nu heel kwetsbaar. Ik wil voorkomen dat we gedwongen zijn om met een bedrijf in zee te gaan op basis van een slecht bod, want dan hebben we daar wel tien jaar last van."

Deputearre Avine Fokkens kiest der dêrom foar om mei Arriva, de busferfierder fan no, yn petear te gean oer in oerbrêgingskonsesje fan twa jier. Fokkens hopet dat tsjin dy tiid de coronakrisis definityf oer is en dat der wer 'gewoane' reizgerspatroanen en -oantallen binne, dy't as basis tsjinje kinne foar in nije konsesje fan tsien jier.

Utgongspunt foar de needkonsesje is it behâlden fan de besteande buslinen en tsjinstferliening, sa't dat fêstleit yn de nota fan Uitgangspunten. "Bereikbaarheid van de kernen op het platteland blijft het uitgangspunt. Het kan wel betekenen dat we in sommige gevallen maatwerk moeten leveren als er bijvoorbeeld structureel minder dan vier passagiers in een lijnbus zitten." Yn it gefal dat it dochs nedich is om ôf te wiken fan de útgongspunten, sil frou Fokkens dat earst foarlizze oan Provinsjale Steaten.

Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei deputearre Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)