Gearkomsten B en W yn tolve fan de achttjin Fryske gemeenten digitaal

27 okt 2020 - 15:44

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders komt yn de Fryske gemeenten alle wiken op tiisdei byinoar. Mar hoe dogge jo dat yn dizze tiid fan oardel meter? Yn seis fan de achttjin Fryske gemeenten fine gearkomsten fan boargemasters en wethâlders yn it echt plak. Dat jouwe gemeenten oan yn in rûnfraach fan Omrop Fryslân.

In tredde fan de boargemasters en wethâlders kieze foar fisike gearkomsten

It giet om de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. De oare tolve komme online gear. De seis gemeenten jouwe oan dat se kieze foar fysyk oerlis, omdat de gearkomste needsaaklik is foar it trochgean fan it deistige wurk fan de gemeente.

Súdwest-Fryslân jout dêrby oan dat fysyk kontakt en inoar yn de eagen sjen gewoanwei nofliker is as online, foaral ek omdat hast alle oare oerlizzen fan de kolleezjeleden wol online binne.

Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân fynt dat de kwaliteit fan de beslútfoarming better wurdt as minsken der yn eigen persoan by binne. Op de fraach oft syn kolleezje gjin foarbyldfunksje hat, seit er: "Dy diskusje hawwe wy hjir ek hân. Fansels hawwe wy in foarbyldfunksje. Mar minsken moatte ek op ús rekkenje kinne as der drege besluten naam wurde moatte. En dat giet it bêste ast inoar yn de eagen sjochst."

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân oer de kar foar fysike byienkomsten

Wol jout Kramer oan dat hy en syn wethâlders mei in mûlkapke op nei it gemeentehûs komme en altyd oardel meter ôfstân hâlde. "We moatte der o sa goed om tinke. Mar yntusken sit it wol by elk yn it systeem. En we hâlde it yn 'e gaten. Wannear't ien in snotnoas of oare klachten hat, sizze de oaren: 'Bliuw mar thús en krûp mar efter it skerm."

Fergaderromte

De seis gemeenten jouwe oan dat se ûnder de gearkomste wol altyd 1,5 meter útinoar sitte en se hawwe dêr ek maatregels foar naam. Lykas de gemeente Dantumadiel: "It kolleezje makket gebrûk fan in romte wêrby't twa fergadersealen gearfoege wurde ta ien gruttere."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

It kolleezje fan Achtkarspelen hat in skoftlang allinnich mar online gearkomsten hân. Op dit stuit hawwe sy in oare konstruksje. Fiif minsken binne liiflik yn Bûtenpost oanwêzich en twa slute online oan.

De gemeente skriuwt yn in reaksje: "It kolleezje fynt dat yngripende ûnderwerpen dy't spylje (tink dêrby oan finansjele útdagingen, coronafirus) it nedich meitsje dat sy fysyk gearkomme. Dat is ek mooglik makke troch de needferoardering."

Yn dy needferoardering stiet in útsûndering foar it ferbod op gearkomsten. De útsûndering jildt foar wetlik ferplichte gearkomsten lykas gearkomsten fan gemeenterieden.

It goede foarbyld

Dochs kieze tolve gemeenten derfoar om it oerlis tusken boargemasters en wethâlders online te hâlden. Se jouwe oan it goede foarbyld jaan te wollen.

Ien fan dy gemeenten is Eaststellingwerf. Boargemaster Harry Oosterman sit sels op it gemeentehûs, mar krûpt dêr achter syn laptop. De wethâlders sitte thús. "Der moatte altyd wol wat stikken tekene wurde, dus ik bin hjir sels wol. Mar de rest sit thús. We binne mei fiif man. Yn sa'n lyts selskip kin it dan prima."

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf oer de kar foar online

Oosterman jout ta dat online gearkomsten ek neidielen hawwe. "Elkoar yn de eagen sjen kinne, even it gefoel krije wat der spilet, mis ik ferskriklik. It berop fan boargemaster is sa leuk, om't jo kontakt mei minsken hawwe. En dat kin no net. Dat fyn ik wol in ramp."

Ek de gemeente Harns hat ferline wike foar de earste kear online gearkomsten besocht. Dat gong eins krekt sa as de gewoane gearkomsten. "Aanleiding om vanaf nu digitaal te vergaderen waren de recent aangescherpte kabinetsmaatregelen. Daarmee vond het college de tijd rijp om digitaal via Teams te vergaderen en daarmee het goede voorbeeld te geven."

(Advertinsje)
(Advertinsje)