Beamstammen fan souder foar bou twa De Jongfletten op 'e Jouwer

Beamstammen wurde fan souder helle, hout skaafd en klinkneils fêstmakke: by jachtwerf De Jong op 'e Jouwer hawwe se fan 't winter de hannen fol oan it bouwen fan twa unike houten boaten fan it type flet. En dat wylst it farseizoen foarby is.
© Omrop Fryslân
Yn it wurkplak stiet de bouopstelling, sis mar 'it bonkerak', fan ien fan de twa fletten. It hout dat de romp fan de boat wurde moat, is mei lym ynsmard en wurdt troch klemmen byinoar knypt. "Sa bouden se de boaten eartiids ek. Tsjintwurdich hawwe we bettere lym en laksoarten, sadat it de konservearring fan it hout better hâldt. Mar fierder is alles eksakt itselde as jierren ferlyn", seit hellingbaas Aaldert de Jonge.

Sloep

De fletten lykje op in houten sloep, al hat in flet in oprinnende kop. By de jachtwerf hawwe se trije ferskillende maten dy't se sûnt de jierren '50 meitsje. Gewoanwei bouwe se op oanfraach ien flet yn 't jier. Dat it no yn koarte tiid twa binne, is foar de jachtwerf spesjaal.

Mear as in ton

Der moat in flinke beurs lutsen wurde foar in flet. Se kostje sa'n 120.000 euro en dat bedrach kin noch fierder oprinne as de klant ekstra's wol.
Minsken fine it moai dat der in hiel skip foar har sels boud wurdt.
Aaldert de Jonge, hellingbaas
De boaten wurde spesjaal en mei de hân foar de klanten boud. It ûnderskied dat jo meitsje kinne mei in echte De Jongflet is neffens De Jonge ek in reden foar klanten om by harren te kommen.
"Minsken fine it moai dat in hiel skip foar harren boud wurdt. Se komme faak del om te sjen by eltse faze en se wurde troch ús op 'e hichte hâlden mei foto's en filmkes."
Johanna Brinkman praat mei bouwer Aaldert de Jonge
© Omrop Fryslân
Boatebouwers Jaap Veenstra en Sander Swart meitsje gongen yn it model. Jaap wurket al tritich jier by jachtwerf De Jong en Sander is by him yn 'e lear. Sander syn oerpake wurke eartiids ek by de werf, dus yn pake syn fuotspoaren lit Sander no syn dream om boaten te bouwen útkomme.

Fan beamstam ta boat

It wurkjen oan de fletten jout Jaap in soad foldwaning: "De nijbou is eins it moaiste wurk dat we hawwe. De hiele winter yn ditselde wurkplak. Jo helje in beamstam fan souder en yn it foarjier giet deselde beamstam as in boat it wetter yn."

Alles hânwurk

Hy en Sander krije alle ûnderdielen troch de hannen. Alles wurdt mei de hân bewurke. De earste flet moat yn april al farre. Oft dizze kostbere boat foar in BN'er is, wolle de bouwers net op yngean.
Aaldert de Jonge by de flet dy't al wat fierder klear is