Corona-útbraak yn soarchsintrum Balk: 16 bewenners besmet, 2 stoarn

27 okt 2020 - 14:31

By soarchsintrum Talma Hiem yn Balk binne sechstjin bewenners en sân meiwurkers posityf test op it coronafirus. Dat meldt Zorggroep Hof en Hiem. Twa fan harren binne stoarn oan it firus.

Corona-útbraak yn soarchsintrum Balk

Twa oare bewenners binne oerpleatst nei de corona-ôfdieling fan Anna Schotanus op It Hearrenfean. Nochris tolve bewenners wurde op it stuit fersoarge.

"Ondanks de vele voorzorgsmaatregelen die we hebben getroffen is het niet gelukt om het coronavirus buiten de deur te houden", seit John van Arnhem, direkteur-bestjoerder fan Zorggroep Hof en Hiem. "Ook vanaf de eerste besmetting binnen Talma Hiem hebben we in overleg met de GGD direct de nodige maatregelen getroffen."

Talma Hiem - Foto: Talma Hiem

"In overleg met de GGD is besloten dat de betreffende bewoners van de afdelingen Akkelei en Beltsjeblom beschermd worden verpleegd. Dat wil zeggen dat medewerkers in volledig beschermende kleding de bewoners verzorgen. We hebben meer dan voldoende persoonlijke beschermingsmiddelen in huis om medewerkers zo veilig mogelijk te laten werken", seit Van Arnhem.

Gjin besite

Op de ôfdieling Beltsjeblom is de kommende tsien dagen gjin besite mooglik. Op oare ôfdielingen kinne bewenners dy't net besmet binne of yn karantêne sitte noch wol ien besiker ûntfange.

Direkteur-bestjoerder John van Arnhem

Trefwurden: 
Balk coronafirus Talma Hiem
(Advertinsje)
(Advertinsje)