RIVM: Fryslân minder as 100 nije besmettingen, lanlik wol wer boppe 10.000

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 91 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der goed hûndert minder as moandei, doe wiene it der 208. Dat hegere tal kaam ûnder oare troch in administrative ynhelslach.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De lêste kear dat der minder nije besmettingen meld waarden, wie op 6 oktober. Doe wiene it der 90. It heechste tal nije besmettings waard tiisdei meld yn Ljouwert, dêr krigen 19 minsken in positive útslach te hearren. Dêrnei kaam Súdwest-Fryslân mei 15.

Lanlik boppe 10.000

Lanlik leit it tal besmettings wer boppe de 10.000. It wiene der 10.315. Dat binne krekt wat minder as moandei en krekt wat mear as snein.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin nije sikehûsopnamen of stjergefallen meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.