GGD: fiif meldings oer neptelefoantjes, plysje hat saak yn ûndersyk

27 okt 2020 - 16:40

De GGD hat mei-inoar fiif meldings krige oer neptelefoantsjes. In 'meiwurker fan de GGD' fertelt dan de opbelle persoan dat út de coronatest bliken dien hat der in besmetting fêststeld is. De plysje is op de saak set. As de dieder of dieders yn byld binne, folget der oanjefte.

GGD: fiif meldings oer neptelefoantjes

Skoalle Lyndestein yn Beetstersweach hie fan 'e wike krijen mei sa'n sabeare-melding. In meiwurkster dêr krige nei in test in telefoantsje dat har coronatest posityf wie. De skoalle gie ticht. In dei letter belle de GGD mei in hiel oare útslach, nammentlik in negative en de skoalle koe wer iepen.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Mail fan GGD

Hoe witst no oft it echt de GGD is dy't bellet? De GGD bellet ûnder in anonym nûmer, fertelt Everhard Hofstra fan de GGD. De meiwurker tsjekt altyd persoanlike gegevens lykas de bertedatum.

Nei it telefoantsje krije minsken in e-mail fan noreply@ggdfryslan.nl. Boppedat kinne minsken mei de digiD de melding ek ynsjen. En as minsken it dan noch net fertrouwe, kinne se de GGD werombelje en freegje oft de melding echt is.

Masine stikken

Tiisdei waard ek bekend dat ien fan de masines yn it lab fan Izore foar de rappe test foar soarchpersoniel stikken is. Hy wurdt sagau mooglik wer makke. De útslaggen komme letter, mar net langer as mei in dei fertraging, seit Hofstra.

Dat de besmettingssifers fan moandei sa heech wiene, komt ek troch de steuring fan snein. De sifers binne de lêste tiid reedlik stabyl, mar se moatte wol leger wurde om in ferromming fan de coronamaatregels mooglik te meitsjen.

Everhard Hofstra, GGD

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)