Elektryske bussen soargje yn Fryslân net foar medyske klachten by sjauffeurs

27 okt 2020 - 12:16

Fryske sjauffeurs fan de elektryske bussen fan Arriva hawwe gjin medyske klachten troch de bussen, wylst kollega's yn Limboarch dat wol hawwe. It giet om in krekt oar type bus, hoewol't se wol beide makke wurde troch VDL. Fanwegen de klachten by de Limboarchske sjauffeurs wurdt no ûndersyk dien nei de oarsaak.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens wurdfierder Sijtze de Bruine fan CNV Vakgenoten is wol neigien oft der ek by de Fryske sjauffeurs medyske klachten binne, mar dat wie net it gefal. Yn beide provinsjes ride elektryske bussen dy't makke binne by VDL, mar dy yn Limboarch wurde yn it suden fan it lân makke en dy yn Fryslân wurde op It Hearrenfean makke. Der binne dêrtroch lytse ferskillen tusken de bussen.

De Limboarchske sjauffeurs klage oer pineholle, dûzeligens, spierpine, wurgens, ferlies fan konsintraasje en in hege piip yn de earen. As se in wike op in diselbus ride, binne de klachten fuort. Arriva, CNV en FNV dogge no ûndersyk nei de oarsaak.

Trefwurden: 
Arriva elektryske bus VDL
(Advertinsje)
(Advertinsje)