CDA set Harry van der Molen op plak 9 op kandidatelist

It Fryske CDA-Keamerlid Harry van der Molen stiet op nûmer 9 fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen. By de foarige ferkiezingen stie de Ljouwerter noch ien plak heger.
Harry van der Molen © ANP
It CDA set Hugo de Jonge en Pieter Omtzigt boppe-oan de list. Sy stelden har earder dit jier kandidaat foar it listlûkerskip. Dêrnei komt nijkommer Inge van Dijk út Noard-Brabân. Van der Molen is de tredde Noardlike politikus op de list. Anne Kuik út Grins stiet op 4 en Agnes Mulder út Emmen op 8.
Van der Molen is ien fan de twa Fryske Keamerleden op it stuit. De oar is Aukje de Vries fan de VVD. De Twadde Keamerferkiezingen binne op 17 maart 2021.

Mear Friezen

Jaap Jonkers fan De Jouwer stiet op plak 28, Douwe de Vries fan Noardeast-Fryslân op 44.
Harry van der Molen