3,5 miljoen euro foar oanpak dakleazens yn Fryslân

Sociaal Domein Fryslân (SDF) krijt hast 3,5 miljoen euro fan it ministearje om de dakleazens yn de provinsje oan te pakken. SDF hie mei alle Fryske gemeenten en dakleaze-organisaasjes in plan opsteld om dakleazens foar te kommen en minsken sûnder thús te stypjen.
De nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert © Google Street View
Ferantwurdlik wethâlder Hilde Tjeerdema fan Ljouwert is bliid mei it jild foar it plan Breda Aanpak Dakloosheid in Fryslân. "Het voorkomen van dakloosheid vermindert de druk op de opvangvoorzieningen", seit Tjeerdema. "Daarnaast we willen mensen zo snel mogelijk aan een thuis helpen door op verschillende gebieden ondersteuning te bieden. De honorering is hiervoor van groot belang."
It plan moat derfoar soargje dat der mear ferantwurdlikheden lokaal oanset wurde, nije dakleazens foarkomme moat en soargje dat minsken net lang opfongen hoege te wurden.

Tal dakleazen yn Nederlân groeit

Lanlik is der 200 miljoen euro beskikber. Oanlieding is de groei fan it tal dakleazen yn Nederlân. Om foar in bydrage yn oanmerking te kommen, koene sintrumgemeenten in plan yntsjinje. Ljouwert die yn de earste ronde noch net mei, mar no yn de twadde ronde wol. De Fryske gemeenten hiene Ljouwert yn de maitiid frege om in plan te meitsjen foar Fryslân. Dat hat Sociaal Domein Fryslân dien mei Zienn, Leger des Heils, Limor en fertsjintwurdigers fan de ferskate gemeenten.