Drokke simmer foar KNRM lifeguards op de Waadeilannen

27 okt 2020 - 11:12

De KNRM hat in drokke simmer hân op de Fryske Waadeilannen. Nettsjinsteande de coronakrisis wie it drok op de strannen en moasten de lifeguards faker yn aksje komme as ferline jier.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Wêr't it yn 2019 efkes wat minder drok wie, wie it neffens de KNRM dit jier wer drokker op de strannen fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. Ek wie it wetter dit jier minder: de giele flagge, dy't oanjout dat swimmen ôfret wurdt, waard 141 kear ophongen, yn 2019 wie dat noch 94 kear. It teken dat swimmen ferbean is, de reade flagge, waard dizze simmer 34 kear jûn.

De lifeguards moasten dit jier ek faker yn aksje komme, yn totaal 954 kear. 835 kear gie it om in lyts EHBO-ynsidint, dat wie faker as yn 2019, mar minder faak as yn 2018, doe't it like drok wie op de strannen. It tal grutte EHBO-aksjes, wêrby't de lifeguards sels net de nedige help ferliene koene, rûn op fan 28 yn 2018 en 2019 nei 44 dit jier.

Der moast 19 kear in rêdingsaksje ûndernaam wurde, like faak as yn 2019. Der kamen 33 meldings fan in fermissing, ien mear as yn 2019. Ek waarden der 23 bisten fûn op de strannen, 13 minder as it jier derfoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)