Kollum: "Techreuzen en minskedwergen"

27 okt 2020 - 08:31

"Adje Vandenberg, oftewol Adrian Vandenberg, bekend fan de band mei dy namme en fan Whitesnake ûnder oare, hie foarige wike in oarlochje op Instagram. Hy hie nammentlik in foto pleatst fan in alien, mei ien fan Melania Trump dêrneist. Dêrûnder stie: 'They are among us' ('Se binne ûnder ús'). In geintsje, hoewol't de gelikenis sa treffend wie dat Lange Frans it alwer 'heel interessant' fûn. De foto fan Melania is dy fan in frommeske dat sa strak lutsen is, dat se ôfskyt út de nekke. Sa't ik sei, it wie in grapke fan Adrian, mar in grut part fan syn sosjalemediafolgers gie hielendal los oer hoe freeslik oft it wol net wie.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Want dat is ek sosjale media. De measte ynkomsten fan techreuzen as Google, Facebook, Insta en Twitter wurde opbrocht troch polarisaasje, it fergrutsjen fan politike tsjinstellings en it oanjeien fan haat. Sa fertsjinje se harren jild. Hoe grutter de rebûlje, hoe grutter it tal clicks, hoe heger de ynkomsten. Lubach hie snein foar in wike al oandacht bestege oan de ynfloed fan sosjale media, wierskynlik nei oanlieding fan de Netflix-dokumintêre The Social Dilemma.

In typysk Amerikaanske produksje, mar dêrom net minder skokkend en konfrontearjend. De minsken dy't dêryn oan it wurd komme binne eks-meiwurkers fan dy techreuzen. Dy fertelle oant yn detail oer hoe't se ús, de brûkers fan dy kanalen, manipulearje. Ast fetber foar nepnijs bist, krijst allinne noch mar nepnijs te sjen, sa't Lubach al oantoand hat. Dyn timeline wurdt sa personalisearre datst mar ien byld fan de wrâld krijst, yn stee fan in kollektive opfetting fan de werklikheid. Bubbels ûntstean, deselde mienings fersterkje inoar en sa drinke politisy yn in sucht en in skeet babybloed om jong te bliuwen. No hoege jo trouwens mar in foto fan politisy te sjen fan foar en nei harren politike karriêre, om te witten dat babybloed foar gjin meter wurket. Mar dat even tuskentroch.

De eks-meiwurkers fertelle oer de trúkjes dy't se ha om jin ferslave te meitsjen. Tink oan WhatsApp, de melding 'aan het typen' en de trije dûnsjende puntsjes dêrby. Tink oan Google, dat op basis fan dyn lokaasje en sykskiednis fragen oanfollet en ôfmakket. Tink ek oan de tomkes fan de likes. It algoritme bepaalt watst foar dyn noas krigest en wannear't se dy it bêste steure kinne mei watfoar reklames. Se bouwe in psychologysk profyl fan dy op en manipulearje dyn miening troch dy algoritmes.

De gefolgen fan al dy persoanlike oanbefellings, pushberjochten en in timeline sûnder ein binne net om 'e nocht. Sûnt de opkomst fan sosjale media binne der mear depressive jongeren, is it tal selsmoarden drastysk tanommen, wurde ferkiezings manipulearre en komplotteoryen massaal dield. Sels boargeroarloggen wurde net útsletten. "Sosjale media", sa seit ien fan de eks-meiwurkers, "binne in utopy en in dystopy tagelyk". Se hoopje yn de takomst op in minskliker fariant fan ús sosjale media. Ik ek. En wat my oangiet heart Adje Vandenberg dêr mei syn grapkes absolút by."

(Advertinsje)
(Advertinsje)