UPDATE: Ofslutdyk wer iepen nei ûngelok

27 okt 2020 - 12:21

Troch in ûngelok hat in part fan de A7 oer de Ofslútdyk fan Noard-Hollân nei Fryslân tiisdeitemoarn lang ticht west. It ferkear dat nei Fryslân ta woe, moast omride oer Amsterdam, Amersfoort, Almere en Emmeloord. De oare kant op wie de Ofslútdyk wol iepen, mar ek dêr stie in file.

Foto: CAMJO media

De dyk wie ticht tusken Den Helder en Surch. Dat kaam troch in iensidich ûngelok mei in frachtwein. It ferkear koe noch mar oer twa fan de fjouwer rydstripen, omdat der wurke wurdt oan de oare twa. De rydstripe fan Noard-Hollân nei Fryslân wie troch it ûngelok ek ticht. It ferkear dat achter it ûngelok stie, waard oer ien fan de rydstripen stjoerd dêr't oan wurke wurdt.

Omdat dat hiel traach gong, koe it ferkear dat noch nei Fryslân ta woe, dochs better omride troch de polder. Dat advys oant de berging fan de frachtwein klear is. Dat wie om likernôch 12.00 oere.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)