Coronanijs fan 27 oktober: 'Maatregels sille duorje oant yn desimber' | Utbraak yn soarchsintrum

27 okt 2020 - 22:57
  • Rutte: te betiid foar konklúzje, tiisdei nije parsekonferinsje
  • De Jong: maatregels sille duorje oant yn desimber
  • Der binne tiisdei 91 nije coronabesmettings bykaam yn Fryslân, moandei wiene dat 208;
  • Yn it soarchsintrum Talma Hiem yn Balk binne 16 bewenners besmet rekke, twa fan harren binne oan it firus stoarn;
  • Der komt in heal miljard ekstra stipe foar bedriuwen dy't troffen binne troch de coronakrisis;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 27 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • Rutte: te betiid foar konklúzje, tiisdei nije parsekonferinsje
  • De Jong: maatregels sille duorje oant yn desimber
  • Der binne tiisdei 91 nije coronabesmettings bykaam yn Fryslân, moandei wiene dat 208;
  • Yn it soarchsintrum Talma Hiem yn Balk binne 16 bewenners besmet rekke, twa fan harren binne oan it firus stoarn;
  • Der komt in heal miljard ekstra stipe foar bedriuwen dy't troffen binne troch de coronakrisis;

Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

21:18
Hoareka moedeleas: skulden steapelje harren op

De hoareka wurdt moedeleas fan de boadskip fan minister De Jonge dat de hjoeddeiske coronamaatregels yn elk gefal noch oant desimber fan krêft bliuwe. "Voor veel ondernemers is dat een zware dobber. Het eigen vermogen is vaak voor een groot deel op en de schulden stapelen zich op", seit Robér Willemsen fan Koninklijke Horeca Nederland.

19:13
De Jong: maatregels sille duorje oant yn desimber

De hjoeddeiske maatregels tsjin it coronafirus sille nei alle gedachten noch wol oant desimber fan krêft bliuwe. Dat sei minister De Jonge op it parsemomint.

19:06
Rutte: te betiid foar konklúzje, tiisdei nije parsekonferinsje

It is neffens premier Rutte noch te betiid foar nije maatregels. "Het is net te vroeg om nu al conclusies te trekken over het effect van de gedeeltelijke lockdown. Het is nu dus nog te vroeg om op de rem te trappen", sei Rutte op it parsemomint.

It kabinet jout nije wike tiisdei opnij in parsekonferinsje.

17:20
Noch nea sa'n soad corona yn it rioel

De twadde golf fan it coronafirus is ek yn de rioelen goed werom te sjen. Noch nea waarden der sa'n soad firusdieltsjes yn it rioel metten as ôfrûne wike, docht bliken út de gegevens dy't it RIVM byhâldt op it coronadashboard.

Ferline wike, tusken moandei 19 en snein 15 oktober, sieten der gemiddeld 1.825,28 dieltsjes fan het coronafirus yn in mililiter rioelwetter. In wike earder wiene dat der krekt wat mear as 1.300 en de wike dêrfoar 850. Ein maart en begjin april, op it hichtepunt fan de earste golf, fûn it RIVM 1430,85 firusdieltsjes de mililiter.

De grutste konsintraasjes coronadieltsjes binne yn de regio's Gooi en Vechtstreek, Utrecht, Midden- en West-Brabân, Brabân-Noard, Zaanstreek-Waterland, Haaglanden, Amsterdam-Amstelland en Hollands Midden metten. Dit binne ek gebieten wêr't in soad coronabesmettingen fêststeld wurde.

16:53
Fergeze mûlkapkes yn Smellingerlân

Fan woansdei ôf kinne minsken yn de gemeente Smellingerlân mei in hiel leech ynkommen maksimaal twa fergeze mûlkapkes ophelje by Bredeschool de Wiken en de Drait, Trefpunt @Holdert en de biblioteek yn Drachten.

16:28
Mear as 40.000 soarchmeiwurkers mei corona

Sûnt it begjin fan de útbraak yn Nederlân is it coronafirus fêststeld by 40.896 minsken dy't yn de soarch wurkje, meldt it RIVM. Ferline wike stie de teller op 34.376. Dat betsjut dat it tal besmettingen ûnder soarchmeiwurkers mei 6.520 omheech gien. It giet net allinnich om minsken dy't yn sikehuzen wurkje, mar ek om bygelyks thússoargers en ferplegers. It is net bekend wêr't se besmet rekke binne.

In wike earder gie it tal posityf teste soarchmeiwurkers mei 5.087 omheech, fan 29.289 nei 34.376.

Yn de ôfrûne acht moannen waarden 602 soarchmeiwurkers yn in sikehûs opnommen, in stiging fan fjirtjin yn fergeliking mei ferline wike. It tal stoarne soarchmeiwurkers bleau stean op fjirtjin. De jongste wie 35 jier âld, de âldste 69 jier.

15:51
Kabinet makket ôfspraken mei winkels oer hanthavening

It kabinet hat mei winkellju ôfspraken makke oer de wize wêrop't de coronaregels hanthavene wurde yn winkels. De winkellju binne hjir yn earste ynstânsje sels ferantwurdlik foar, of it moat wêze dat it út de hân rint. Hanthaveners of de plysje komme der allinnich oan te pas as dat it gefal is.

"Het is de bedoeling natuurlijk dat de sector zelf de handhaving verzorgt, zelf de rotte appels aanspreekt", seit minister Eric Wiebes. "Maar als dat verschillende keren niet tot een succes heeft geleid, dan moet er een publieke arm bijkomen. Dan kan je iemand bekeuren, sluiten, noem maar op."

Fan winkellju wurdt frege derfoar te soargen dat der net te folle minsken yn de winkel binne, dat de hygiëneregels neilibbe wurde en der dúdlike rinrûten oanjûn binne, bygelyks mei tapen. Dit moat foarkomme dat der te folle minsken byinoar stean.

15:25
Lanlik 10.315 besmettingen

By it RIVM binne de ôfrûne 24 oeren 10.315 nije besmettingen meld. Dat binne der 31 minder as moandei.

Yn in wike tiid binne der 67.543 nije positive testen by it RIVM meld. In wike earder wiene dat der 55.552. Dat is in stiging fan 22 persint. Ferline wike wie de stiging 27 persint.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)