Liveblog | 27 oktober 2020

Coronanijs fan 27 oktober: 'Maatregels sille duorje oant yn desimber' | Utbraak yn soarchsintrum

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 27 oktober 2020, 22:57
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 27 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:
Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
21:18

Hoareka moedeleas: skulden steapelje harren op

De hoareka wurdt moedeleas fan de boadskip fan minister De Jonge dat de hjoeddeiske coronamaatregels yn elk gefal noch oant desimber fan krêft bliuwe. "Voor veel ondernemers is dat een zware dobber. Het eigen vermogen is vaak voor een groot deel op en de schulden stapelen zich op", seit Robér Willemsen fan Koninklijke Horeca Nederland.
19:48

Ferslachjouwer Andries Bakker oer it parsemomint

19:13

De Jong: maatregels sille duorje oant yn desimber

De hjoeddeiske maatregels tsjin it coronafirus sille nei alle gedachten noch wol oant desimber fan krêft bliuwe. Dat sei minister De Jonge op it parsemomint.
19:06

Rutte: te betiid foar konklúzje, tiisdei nije parsekonferinsje

It is neffens premier Rutte noch te betiid foar nije maatregels. "Het is net te vroeg om nu al conclusies te trekken over het effect van de gedeeltelijke lockdown. Het is nu dus nog te vroeg om op de rem te trappen", sei Rutte op it parsemomint.
It kabinet jout nije wike tiisdei opnij in parsekonferinsje.
17:20

Noch nea sa'n soad corona yn it rioel

De twadde golf fan it coronafirus is ek yn de rioelen goed werom te sjen. Noch nea waarden der sa'n soad firusdieltsjes yn it rioel metten as ôfrûne wike, docht bliken út de gegevens dy't it RIVM byhâldt op it coronadashboard.
Ferline wike, tusken moandei 19 en snein 15 oktober, sieten der gemiddeld 1.825,28 dieltsjes fan het coronafirus yn in mililiter rioelwetter. In wike earder wiene dat der krekt wat mear as 1.300 en de wike dêrfoar 850. Ein maart en begjin april, op it hichtepunt fan de earste golf, fûn it RIVM 1430,85 firusdieltsjes de mililiter.
De grutste konsintraasjes coronadieltsjes binne yn de regio's Gooi en Vechtstreek, Utrecht, Midden- en West-Brabân, Brabân-Noard, Zaanstreek-Waterland, Haaglanden, Amsterdam-Amstelland en Hollands Midden metten. Dit binne ek gebieten wêr't in soad coronabesmettingen fêststeld wurde.