Fan Dalstra Reizen nei Leanbedriuw Luimstra: oar wurk troch corona

Dyn baan ferlieze troch de coronakrisis. It oerkomt in soad minsken dy't benammen yn de kultuer, hoareka of it toerisme wurkje. It is dreech yn dy sektoaren, mar in soad minsken sette troch en fine oar wurk yn dizze tiid. Ek Margreet de Vries út Surhústerfean hat ferline wike har earste wurkdei hân op har nije wurk.
Margreet bliuwt yn itselde doarp, mar fytst no de oare kant op:
Oar wurk Margreet de Vries
Fytste se earst noch 400 meter de iene kant op, sa fytst se no 600 meter de oare kant op. Margreet de Vries wurke 13 jier lang by Dalstra Reizen. Doe't dat bedriuw troch de coronakrisis fallyt gie, sieten alle minsken thús. "De lêste tiid wie der al neat mear te dwaan. Ik wurke foar groepsboekingen en dat wie it earste dat derút foel", fertelt De Vries. No wurket se yn itselde doarp by leanbedriuw Luimstra.
It ferliezen fan har baan wie foaral mentaal in swiere klap. Se mist de kontakten en de relaasjes. "Je sjogge elkoar no gewoan nea wer." Mar it nije wurk is in grutte ferromming. "Ik bin der hiel wiis mei. Mar ik moat my natuerlik noch bewize." De Vries krige de nije baan troch in gouden tip. "Ik moat natuerlik sjen litte dat ik it kin, dus ik gean derfoar de 100%, nee 200% foar."
Margreet de Vries © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

#wesettetroch

Dizze hjerst komme der nije, sfearfolle en passende programma's by Omrop Fryslân. Want #wesettetroch yn dizze coronatiid! Op radio, telefyzje en ynternet is dêrom de takom wiken in rige mei portretten fan minsken dy't troffen binne troch de coronakrisis en fan need oar wurk fûn hawwe. Sy lizze har net del by tsjinslach en wolle harren sels rêde kinne. Sy sette troch.