De stilte fan Tsjummearum: "Wannear meie wy wer mei-inoar blaze?"

26 okt 2020 - 22:17

Offisjeel meie se noch gewoan repetearje: de tsientallen muzykferienings yn ús provinsje. Salang't der net mear as 30 minsken yn in romte binne, meie de muzikanten neffens de hjoeddeistige coronamaatregelen gewoan musisearje. Optredens, konkoersen en oare gelegenheden binne lykwols allegearre ôfsein, en dus moat der keazen wurde: wol of net as orkest byinoar komme.

Johan spoelstra en Jabik Struiksma - Foto: Omrop Fryslân

De âlde kornet klinkt noch tige suver as Jabik Struiksma der eefkes op spilet. Gewoanwei hie er moandeitejûn op syn fêste stoel by De Bazuin fan Tsjummearum sitten, mar fanwege de coronakrisis sit er no mei it ynstrumint thús. Spitich, want it korps is sa'n wichtich punt yn it libben fan Struiksma: "Wy hawwe sa'n prachtige feriening, it is ien grutte famylje. Lief en leed wurdt dêr mei-inoar dield!"

De Bazuin hat yn totaal 45 leden, en dus binne se te grut om yn ien kear mei-inoar yn in seal te spyljen. Foarsitter Johan Spoelstra: "Fan 'e jûn belle der noch ien, mei de fraach hoe't it komt, is der jûn repetysje. Mar nee, jûn net, en wierskynlik de earste twa wiken ek net." Spoelstra merkt dat der in soad ferlet is fan de repetysje: "Elk wol heel graach blaze, want mei-inoar blaze is moaier as allinnich thús wat sitte te oefenjen."

Struiksma kin it dêr allinnich mar mei iens wêze: "Moandeitejûn is in prachtige jûn, en no mei de corona dan misse je dat wol, dat byinoar wêzen."

In feriening wêze

It is dreech foar it korps om noch hieltyd in 'feriening' te wêzen yn dizze tiid. "We dogge no hielendal neat, en wy misse eins ek dy stip op de hoarizon. Gewoanwei hawwe je wat om hinne te wurkjen." In konsert of in konkoers soarget derfoar dat de leden fan de fanfare earne nei ta wurkje kinne, en dat ûntbrekt no folslein.

Dêrom wurdt der no socht nei alternativen, om sa dochs it ferieningsgefoel, en dy motivaasje op peil te hâlden. "Ik hie der mei ús dirigint oer belle, en wy hawwe der wol wat ideeën oer. Mar it bliuwt dreech, want wannear meie wy wer mei-inoar blaze?"

Struiksma sit yntusken al 67 jier by De Bazuin, en hy hat yn al dy jierren noch nea in repetysje mist. Hy hopet dan ek gau wer syn fêste plakje op moandeitejûn ynnimme te kinnen.

Willem de Vries yn petear mei Struiksma en Spoelstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)