Grien ljocht foar nije jachthaven op It Amelân: "Het wordt prachtig!"

Der is lang om let grien ljocht foar in nije jachthaven op It Amelân. De gemeenteried is akkoart gong mei in ynvestearring fan 1,7 miljoen euro. It iennige part fan it plan dat net trochgiet, is de oanlis fan in grut parkearplak.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It hat eefkes duorre foar't de plannen de goedkarring fan de gemeenteried krije koene. De ideeën foar de nije haven waarden al in oantal kearen werom nei de tekentafel stjoerd. Der wie bygelyks net genôch plak foar de charterfeart, en ek de passanten koene net goed te plak. "Vorig jaar raakte de besluitvorming in een impasse", seit Jook Nauta, foarsitter fan de Stichting Jachthavens Waddeneilanden.

Bettere lisplakken en mear kapasiteit

Want njonken de neamde problemen wie der ek noch in soad ûndúdlik oer de twa rûnfeartboaten dy't robbetochten organisearje. Nauta waard frege om in nij plan te skriuwen. Mei it advys-Nauta komt de haven no einlik yn sicht. "Het belangrijkste is dat er nu een goede situatie is voor de bruine vloot, de chartervaart." Dy kinne neffens it plan no makliker manoeuvrearje. Boppedat is de kwaliteit fan de lisplakken ferbettere en sels de kapasiteit is tanaam.
Yn de gemeenteried fan moandeitejûn is it ferlossende wurd sprutsen, en is de 1,7 miljoen euro tasein. De ferâldere haven kin no lang om let opknapt wurde. Nauta hopet dat al it wurk foar it kommende farseizoen klear is. "Het wordt een prachtige haven."