Heerenveen Lokaal wol opheldering oer kertiermakker Thialf

De partij Heerenveen Lokaal wol sa gau as mooglik opheldering oer de beneaming fan Pier Eringa as kertiermakker by iisstadion Thialf. De partij wol witte wa't efter de beneaming sit en wat de bedoeling der fan is. Op dit stuit is dat folslein ûndúdlik, seit fraksjefoarsitter Age Hartsuiker.
© Omrop Fryslân
Neffens Hartsuiker krige syn partij in pear dagen lyn in tip út it provinsjehûs dat Deputearre Steaten efter de beneaming sit. Mar befêstiging hat hy hjir net fan. Om helderheid te krijen hat Heerenveen Lokaal in list mei fragen stjoerd nei it kolleezje fan B&W. Ek freget de partij om in spoeddebat, al liket it der net op dat dêr in soad animo foar is. De measte partijen wolle earst de antwurden op de fragen ôfwachtsje.
Njonken de fraach oer wa't de kertiermakker beneamd hat, wol Heereenveen Lokaal ûnder oaren witte wat syn opdracht is, hoe ûnôfhinklik hy is, wa't mei him saken dwaan moat en wêrom't it gemeentebestjoer fan neat wit. Ek wol de partij witte oft de iishockeyhal wol yn de plannen belutsen wurdt.

Mienskipsjild

Heerenveen Lokaal is absolút net tsjin de oanstelling fan in kertiermakker, seit Hartsuiker. De partij hat ôfrûne simmer sels frege om sa'n beneaming, om der foar te soargjen dat Thialf saakliker rund wurdt. Hartsuiker: "Der giet in hiel soad mienskipsjild hinne. En it is prima dat immen dy't boppe de partijen stiet mei in frisse blik de saak besjocht en skjin skip makket, sadat der net altyd wer in soad ekstra mienskipsjild hinne hoecht." Heerenveen Lokaal is net tsjin in bydrage fan de oerheid. Mar dan moat it om in dúdlike kar gean, fynt Hartsuiker.

Beneaming Eringa

De Ljouwerter krante melde earder dat Eringa, direkteur fan ferfiersbedriuw Transdev, as petearpartner oanskoot by oerlizzen tusken Thialf-direkteur Marc Winters, Herman de Haan fan de KNSB en Maurits Hendriks fan NOC-NSF. Se sille yn petear oer de takomst fan de iishal. Hy moat helpe om in sûnere finansjele basis te lizzen foar de takomst. Thialf draait al jierren mei reade sifers en tsjinfallende resultaten. Neffens de krante hat de beneaming de segen fan deputearre Sander de Rouwe.