Fryske ûndersiker fynt fersûpte doarpen yn Noardeastpolder

Urk en Schokland binne twa tige ferneamde delsettings yn de Noardeastpolder, en lang waard tocht dat dat ek de iennige doarpen wiene yn it Suderseegebiet. Mar maritym archeolooch Yftinus van Popta fan de Rijksuniversiteit Groningen ûntduts noch fjouwer oare fersûpte doarpen. Tongersdei hopet er te promovearjen.
Omroep Flevoland seach mei Van Popta by de fersûpte doarpen:
Fersupte doarpen Noardeastpolder
Van Popta die fiif jier lang ûndersyk nei Atlantis yn de Sudersee. Uteinlik fûn er de doarpen Marcnesse, Nagele, Fenehuysen I en Fenehuysen II. Dat de doarpen echt bestean is net in folsleine ferrassing, om't der al fermoedens wiene. Mar gjinien wist wêr't se krekt wiene.

Noch mear

Dat dizze doarpen no fûn binne, wol net sizze dat it ûndersyk yn de Noardeastpolder no klear is. "Wy witte noch lang net alles fan de polder, der moat noch in soad ûndersyk dien wurde", fertelt Van Popta. Hy tinkt wol dat dit de wichtichste doarpen binne.
De Fryske ûndersiker is tige entûsjast oer de resultaten fan syn ûndersyk, al wie it oan it begjin fan it trajekt noch wol spannend oft al it sykwurk wat opsmite soe. "It is altyd mar de fraach oftst wat fynst, mar ik hie wol genôch oanwizings dat der wat wêze soe." En dat docht bliken, de resultaten binne fuortendaliks lanlik nijs.

Atlantis yn Fryslân

Fraach is dan: is dit it topke fan de iisberch, en kinne der miskien mear fersonken doarpen fûn wurde? Miskien ek yn Fryslân? "Ja, dy binne der wol", seit Van Popta. "Dy sille foar in part yn de Iselmar lizze, mear foar de westkust fan Fryslân." Dêrnjonken kin it terpegebiet yn de Sudersee eins trochlutsen wurde nei it Noarden en hearre de nije doarpen dus eins by Fryslân. "It wie eins ien gebiet."
No tongersdei moat Van Popta syn ûndersyk ferdigenje, om úteinlik te promovearjen. In lêste drompel, al binne de ûnderfinings fan moandei mei de media in goeie tarieding. "Der komme dochs wol drege fragen, en dan moat ik goed neitinke. Dus miskien is moandei noch wol dreger as tongersdei!"
Ik kin it ûndersyk trochlûke nei Fryslân, dan kin der ek in grutter ûndersyk fan makke wurde.
Yftinus van Popta
En foar de takomst? "Ik haw al allegearre plannen yn de holle: ik kin it ûndersyk trochlûke nei Fryslân, dan kin der ek in grutter ûndersyk fan makke wurde. Dan kinne wy sjen oft wy mear doarpen yn kaart bringe kinne, ynklusyf dy by de eilannen yn it Waadgebiet."