Keunstwurk stellen by drafbaan yn Wolvegea

26 okt 2020 - 20:15

It keunstwurk "Mens en Dier" by de drafbaan yn Wolvegea is it ôfrûne wykein stellen. It byld is folslein fan de sokkel helle.

Foto: Foto Evert Pultrum

It byld fan keunstner David van Kampen stie jierrenlang op it van der Sandeplein yn Wolvegea. It keunstwurk is dêr yn 1968 delset as ferwizing nei de drafbaan Lindenoord dy't flakby lei.

It is net dúdlik wat der mei it byld bard is, of wa't ferantwurdlik is foar de stellerij.

Trefwurden: 
keunstwurk Wolvegea stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)