Johnny Jansen sparret trije spilers foar bekerduel tsjin TOP Oss

26 okt 2020 - 19:45

Hearrenfeantrainer Johnny Jansen hâldt foar de bekerwedstriid tsjin TOP Oss tiisdei trije spilers op de bank. It giet om Sherel Floranus, Oliver Batista Meier en Jan Paul van Hecke. Floranus hat lichte klachten oan de hamstring, de oare twa wurde sparre. "Het zijn jonge spelers, die nog niet zo gewend zijn drie wedstrijden in één week te spelen en daar moeten we wel rekening mee houden."

Johnny Jansen oer sparje fan spilers

De rjochtsback Floranus wurdt ferfongen troch Hamdi Akujobi. Sintraal yn de ferdeding wurdt Van Hecke ferfongen troch Ibrahim Dresevic. It meast ferrassende basisplak is foar de Belch Sieben Dewaele. Hy is in ferdedigjende middenfjilder en ferfangt de oanfallende middenfjilder Batista Meier. Jansen: "Dewaele is gewoon een hele goede voetballer. Nee, maar echt. Dat hij nog niet zo veel gespeeld heeft, zegt niet zo veel. Maar hij zal niet op '10' komen te spelen. Veerman zal wat dieper gaan speler."

Jansen en corona

It is noch ûnwis oft de wedstriid wol troch giet. Freed waard de wedstriid Jong FC Utrecht-TOP Oss ôfsein, omdat der fiif gefallen fan corona wiene by TOP Oss. Jansen: "Voorlopig ga ik er maar vanuit dat de wedstrijd gespeeld wordt. De clubarts van ons heeft contact met die van Oss. Onze spelers zijn gisteren getest en krijgen vandaag uitslag. De spelers fan TOP Oss zijn gisteren getest en krijgen morgen uitslag."

Erwin Mulder

Hearrenfean stiet mominteel fjirde yn de kompetysje en is fantastysk begûn oan it seizoen. "Als je me dat vooraf had gevraagd, had ik je misschien wel een klein beetje voor gek verklaard. Al zag ik steeds wel een stijgende lijn. Maar ik snap wel dat mensen verbaasd zijn."

Mulder is benammen grutsk op de teamspirit. "We zijn gewoon een collectief. We weten heel goed wat we wel kunnen en wat we niet kunnen. Hoe we nu spelen, werkt voor ons."

Ferdedigjend stiet it hiel goed. Yn seis wedstriden krige it sân goals tsjin, wêrûnder fiif tsjin Ajax. "Maar zelfs tegen Ajax gaven we heel weinig weg. Ze schoten bijvoorbeeld maar zes keer op goal. Dat is de kracht van het hele elftal."

De wedstriid SC Hearrenfean-TOP Oss is tiisdeitejûn live te folgjen op Omrop Fryslân radio. Fan 19.30 oere ôf is Roelof de Vries de kommentator en Jacob Stelwagen de presintator.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean TOP Oss beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)