SC Cambuur foar it earst sûnt trettjin jier út de reade sifers

26 okt 2020 - 19:29

SC Cambuur hat foar it earst sûnt trettjin jier wer in posityf eigen fermogen. De klup makke moandei de jiersifers bekend oer it seizoen 2019/2020. Oer it ôfrûne seizoen is der in winst behelle fan 272.000 euro. Dêrtroch hat Cambuur no in posityf eigen fermogen fan 10.000 euro. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt is 'hartstikke tevreden' mei de nijste sifers.

Foto: Omrop Fryslân

Fan 2007 ôf hie Cambuur in negatyf eigen fermogen, mei 2010 as djiptepunt. Doe stie de klup hast fiif miljoen euro yn it read. Dat is no kompleet ferdwûn. Neffens Van den Belt is dat in wichtich sinjaal mei it each op de takomst. "Met name omdat we de komende twee jaar geld moeten inzamelen om het nieuwe stadion te financieren. Als je kunt aantonen dat je tien jaar zwarte cijfers schrijft, een positief eigen vermogen en voldoende liquide middelen hebt, worden investeerders daar vrolijk van."

It posityf eigen fermogen is noch wol altyd beskieden, nammentlik 10.000 euro. Dat jout Van den Belt ek wol ta. "We zijn nog verre van een hele rijke club, maar als je alle cijfers van de betaald voetbalclubs op een rijtje zet, zie je dat we wel tot de gezondere clubs behoren." De direksje fan Cambuur hat it ôfrûne jier boppedat noch in behoarlik bedrach apart set, om takomstige klappen fanwege de coronakrisis opfange te kinnen.

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan SC Cambuur

Direksjeleden Gerald van den Belt en Ard de Graaf mei haadtrainer Henk de Jong - Foto: Orange Pictures

De grutte fraach is wat de coronakrisis betsjutte sil foar de jiersifers fan it hjoeddeistige seizoen. Cambuur kin dit seizoen yn alle gefallen probleemleas útsjonge, mei tank oan regelingen fan de oerheid. Van den Belt makket him wol soargen oer it folgjende seizoen 2021/2022. "Ik maak me wel zorgen over dat jaar. Ten eerste omdat dan de regelingen stoppen, ten tweede omdat we het uiterste vragen van onze supporters en sponsoren. Daar vragen we het uiterste van door wel te betalen en niet het stadion in te mogen. Daar ben ik wel bezorgd over."

De grutste soargen sitte him by Van den Belt yn dat hy net wit oft der takom jier wer safolle stipe is foar de klup. No ferlingen in hiele hoop supporters en sponsoaren, nettsjinsteande dat se wisten dat se miskien it stadion wol net yn koene. Dat is takom jier miskien wol oars. Van den Belt: "De zorg zit hem met name in dat onze supporters en sponsoren vervreemden van de club. En dat je voor het derde jaar van hen een enorm offer vraagt. Daar gaan klappen vallen." In oplossing is der wol neffens de finansjeel direkteur: "Wat alles oplost is promoveren. We liggen op koers!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)