Fryske Akademy krijt Europeeske subsydzje foar ûntwikkeljen fan wrâldboarger-edukaasje

26 okt 2020 - 17:35

It Mercator Europeesk kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen hat in Europeeske subsydzje krigen foar in projekt dat wrâldboargeredukaasje opsette sil. It Kennissintrum is ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, it wittenskiplik ûndersyksynstitút fan Fryslân (Doelestraat) - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It projekt, dat de namme 'The Global Citizenship and Multilingual Competences Toolkit' hat, is in gearwurking tusken Mercator, universiteiten út Eastenryk, it Feriene Keninkryk en Italië, en in Dútsk/Eastenryksk technologybedriuw. Se sille de kommende trije jier oan de ûntwikkeling fan learmiddels foar dosinten op it mêd fan wrâldboargerskip en meartalichheid yn it fuortset ûnderwiis wurkje.

Wrâldboargerskip

Dizze wrâldburgerskipsedukaasje is in foarm fan ûnderwiis dêr't de learlingen aktyf wurkje oan projekten oer mondiale fraachstikken fan sosjale politike, ekonomyske en ekologyske aard. Om't UNESCO it wrâldboargerskip as wichtich beskôget, wurdt der op skoallen oer de hiele wrâld al in soad omtinken oan jûn. Lykwols binne der noch te min trainingen foar dosinten yn wrâldboargerskip en is it selden ûnderdiel fan dosinte-opliedingen.

It projekt is no yn de opstartfaze. Uteinlik sille ek dosinten en opliedingen yn Fryslân gebrûk meitsje kinne fan de fergeze materialen. Mercator is yn dit projekt mei ferantwurdlik foar it ûnder de oandacht bringen fan de resultaten en sjocht ta op de kwaliteit en de fuortgong fan it projekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)