Plysje ûntdekt himpplantaazje mei 905 planten oan Voorstreek yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei yn in wenning oan de Voorstreek yn Ljouwert in himpplantaazje mei 905 planten oantroffen. De plysje kaam op it spoar fan de plantaazje troch in tip om 03.30 oere fan foarbygongers.
© Pixabay
Doe't de plysje op de Voorstreek kaam seagen se dêr meardere persoanen mei pûden himp. Dêrop is ûnder lieding fan de rjochter-kommissaris in hússiking dien.
Dêrby waard dus de himpplantaazje oantroffen en in kontant jildbedrach fan 1.105 euro. De planten en it jild binne yn beslach nommen. De plysje hat seis fertochten oanholden en ynsletten foar fierder ûndersyk.