"Ik zou heel graag trainer van Cambuur willen worden"

26 okt 2020 - 17:24

It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keeper Fred Grim no trainer is. Hy krijt noch altyd waarme gefoelens by Ljouwert en docht in opfallende útspraak. Ek fertelt Jesse Rozendal oer syn skiedsrjochtersdebút en oft it slagge is mei it 'gebaar' foar de SportCast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

De iene dei spylje je mei RKC mei 2-2 lyk tsjin Feyenoord en in dei letter binne je te gast yn de SportCast. It oerkomt RKC-trainer Fred Grim. Hy is ûnder de yndruk fan Cambuur dit seizoen. "Ik vind dat ze geweldig begonnen zijn. Ze scoren vrij makkelijk en een team dat wat mij betreft heel goed in balans is", fertelt de Amsterdammer, dy't foar woansdei in moaie wedstriid ferwachtet. "Het zijn twee teams die in mijn beleving willen en kunnen winnen. En toch ook twee teams die voor leuk, fris en aanvallend voetbal staan."

Trainer yn Ljouwert

In grut part fan syn karriêre as keeper makke Grim troch yn Ljouwert. Hy stie fan 1986 oant en mei 1994 ûnder de latte by Cambuur. Yn 2017 wie Grim yn byld om trainer te wurden by Cambuur, mar doe makke er in oare kar. Neffens ferslachjouwer Roelof de Vries wachtet elkenien yn Ljouwert noch altyd op syn komst. Grim: "Ik zou het heel graag willen, als ik eerlijk ben. Iedereen weet dat mijn hart in Leeuwarden ligt en ik daar een geweldige tijd gehad heb. Ik draag de mensen, nu ook nog, een heel warm hart toe."

De waarme gefoelens fan Grim foar Cambuur komme fuort út dat er in wichtich part fan syn karriêre trochbrocht hat yn Ljouwert. "Het was een periode die heel belangrijk is geweest in mijn profcarrière. Een periode die je vormt, niet alleen als speler, maar ook als mens. Er is nog heel veel contact en ik heb nog heel veel vrienden daar. Het is een onderdeel van je leven, maar je moet er ook niet te sentimenteel over doen", sa seit de âld-keeper fan Cambuur.

Fred Grim yn 2016 by SC Cambuur as trainer fan Jong Ajax - Foto: Dijks Fotografie

Tikje op it hert

Foar Jesse Rozendal wie it ôfrûne wykein in bysûndere. Freed debutearre er as skiedsrjochter yn it betelle fuotbal by FC Eindhoven tsjin Jong AZ. Ferline wike yn de SportCast hie Rozendal tasein dat er in gebaar meitsje soe by de toss, om oan te toanen dat er oan de SportCast tocht. Hy soe twa kear tikje op syn hert. Mar? "Dat neame se dan konsintraasje en dan ferjitte je saken. Ik haw der de hiele reis nei Eindhoven oan tocht, mar op it moment suprême ferjit ik it. Dat is wol sneu."

Debutearje yn it betelle fuotbal wie foar him in bysûndere ûnderfining. "It wie geweldich dat je foar de earste kear as skiedsrjochter binnen komme en sa oansprutsen wurde. Dat is wêr'tst it foar dien hast. It klinkt hiel simpel, mar it is wol wer in stap dy'tst setst." Hy joech ek noch in reade kaart oan in Jong AZ-spiler.

It iennige dat de Westereender spitich fynt, is dat er gjin famylje en freonen meinimme mocht nei it stadion. "Ik hie wol leaver elkenien der by hawwe kinnen. Dan hie ik it hiele stadion hast fol hân, foar it earst yn tiden. Nee, it wie in moai momint." Kommend wykein is Rozendal wer fjirde official by de earedifyzjewedstriid tusken AZ en RKC Waalwijk.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)