Plysje sil stranger kontrolearje op yllegaal fjoerwurk út Dútslân

Yllegaal fjoerwurk út Dútslân komt tenei net sa maklik de grins mear oer. Fan desimber ôf jildt der yn Nederlân in ferbod op knalfjoerwurk as fjoerpylken, rotsjes en Sineeske matten. Dit fjoerwurk is oer de grins noch wol te krijen, mar mei net meinommen wurde ús lân yn. De plysje wol dêrom mear kontrôles hâlde by de grins.
Plysje sil stranger kontrolearje op illegaal fjoerwurk út Dútslân
De plysje wol mei de kontrôles benammen de minsken ûntmoedigje om fjoerwurk út Dútslân te heljen, sa seit Ruud Verkuijlen fan de Nationale Politie. "Je mag tot 25 kilo per persoon invoeren, als dat vuurwerk ook in Nederland legaal is. Maar dat betekent niet dat als je met vier man in een auto zit, je 100 kilo mag meenemen." De plysje sil by wize fan stekproeven minsken oan de kant sette om te sjen oft sy fjoerwurk meinommen hawwe.
Neffens fjoerwurkspesjalist- en ferkeaper Henk de Vries is dat noch net sa maklik te hanthavenjen. ''Der komme hiele groepen jongeren út Dútslân wei om fjoerwurk te keapjen. Dat wurdt in hiele toer'', seit de Vries. Dêrneist wurdt it measte fjoerwurk yn de trije dagen foar âld en nij helle. ''It moat yn in pear dagen allegearre barre, dus ik bin hiel benijd hoe oft it ôfrint."
Fjoerwurkspesjalist Henk de Vries © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers prate mei fjoerwurkspesjalist Henk de Vries
Troch it ferbod meie fjoerwurkferkeapers de fjoerpylken en rotsjes net mear ferkeapje. Dochs is De Vries der net rouwich om. ''As der ûngelokken barre mei bygelyks babypylkes, wolle wy dy fansels ek net ferkeapje.'' De Vries tinkt dat hy der mei de ferkeap net in protte lêst fan hawwe sil. ''It measte wat der kocht wurdt, is dochs it sierfjoerwurk, en dat is allegearre relatyf feilich.''
De Vries docht sels ek in protte fjoerwurkshows, mar hy tinkt net dat der yn de takomst gjin konsumintefjoerwurk mear wêze sil. ''Der binne net genôch minsken om yn elk doarp of elke gemeente in fjoerwurkshow te hâlden. En minsken fine it moai om sels ôf te stekken, dus ik tink net dat dat ea hielendal ferdwine sil.''