Fryske assistint-skiedsrjochters yn aksje yn de Champions League

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra mei woansdei mei syn fêste kollega's yn aksje komme by de Champions League wedstriid tusken Borussia Dortmund en FC Zenit. Mario Diks en Hessel Steegstra komme op dyselde jûn yn aksje yn Turijn by de wedstriid tusken Juventus en FC Barcelona.
Erwin Zeinstra © www.orange-pictures.nl
De trije Fryske assistint-arbiters binne mei harren fêste teams ûnderweis yn Europa. Sa binne assistint-skiedsrjochters Mario Diks en Hessel Steegstra ûnderdiel fan it team fan Danny Makkelie. Wylst Zeinstra mei it fêste team fan Björn Kuipers yn aksje komt.
De wedstriden begjinne beide om njoggen oere jûns.