De Fryske Marren: wol romte foar wenningbou op De Lemmer, mar net foar nije supermerk

26 okt 2020 - 16:14

It kolleezje fan gemeente De Fryske Marren wol mear romte foar wenningbou oan de Polle en Zeedijk op De Lemmer. Se wolle de grûneigeners yn 'e mjitte komme troch mear romte te jaan foar wenningen. Ek ideeën foar it ynrjochtsjen fan dit part fan it doarp binne wolkom.

De Pôlle op De Lemmer - Foto: Google Street View

Der wiene ek plannen foar in nije supermerk yn it gebiet. Yn july kamen lykwols de resultaten fan in ûndersyk oer de fêstiging fan in supermerk en dy wiene net posityf. In nije supermerk wol it kolleezje dêrom net talitte bûten it sintrum.

Medio novimber sil it foarstel yn de gemeenteried behannele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)