Lyndensteyn yn Beetstersweach dochs wer iepen, coronatest blykt negatyf

School Lyndensteyn yn Beetstersweach kin fan tiisdei ôf wer iepen. De skoalle wie sûnt tongersdei foar tsien dagen sletten fanwegen in positive coronatest by in meiwurker. Der docht no lykwols bliken dat de test dochs negatyf is. Nei oerlis mei de GGD is besletten dat de skoalle wer iepen kin.
© Google Streetview
Lyndensteyn is in skoalle foar bern mei in lichaamlike, geastlike of mearfâldige beheining en bern dy't langere tiid siik binne. Troch de feroarlike útslach binne der in soad emoasjes by de learlingen en âlders. "It is in hiele fertrietlike situaasje", jout direkteur fan de skoalle, Tseard Fabriek oan. "De telefoan stiet al de hiele middei readgleon. We stean alle âlders te wurd dy't fragen of twivels hawwe." As de bern noch te bot wenne moatte om wer nei skoalle te gean, kinne se ek noch thús bliuwe.

Anonime beller

Hoe't it kin dat de positive test dochs negatyf blykt te wêzen is noch net hielendal dúdlik. Tongersdei waard de meiwurker fan de skoalle belle mei in anonym nûmer, lyk as de GGD, dy't oanjoech dat de test posityf wie. Nei oanlieding fan dit telefoantsje is de skoalle fuortendaliks yn petear gien mei de GGD. Doe is besletten om de skoalle te sluten.
Nei ûndersyk fan de GGD by it laboratoarium die bliken dat de útslach negatyf wie. De meiwurker is doe belle troch de GGD mei dat nijs. "Wa't de dei derfoar belle hat is ûnwis. It kinne falske praktiken west hawwe," seit Fabriek. "Sis it mar."
De skoalle koe net mear yn oerlis mei de GGD mei it wykein foar de doar. Doe hawwe se yn oerlis mei it kolleezje fan bestjoer besluten om de útslach nei it wykein nei bûten te bringen. "Dat wie freed net mear te dwaan, mei alles wat derby komt te sjen. Tink oan de heisa mei taksys en ferfier. We sille alle âlders no earst safolle mooglik te wurd stean om alles út te lizzen sadat we tiisdei wer iepen kinne."