RIVM: 208 nije besmettingen en twa stjergefallen yn Fryslân

26 okt 2020 - 14:37

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 208 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 105 mear as snein, doe wiene it der 103.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

It heechst tal nije besmettings waard meld yn Súdwest-Fryslân. Dêr krigen 61 minsken in positive útslach te hearren, folge troch Ljouwert mei 27 besmettings. Op de Fryske Waadeilannen waarden gjin nije besmettings meld.

It nije tal besmettings is in teloarstelling, om't de trend fan in ôfnimmend tal besmettings hjirmei ferbrutsen wurdt.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel twa nije stjergefallen meld. It giet om in ynwenner fan Skylge en in ynwenner fan Tytsjerksteradiel.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)