Wynjewâld siket nije supermerk-ûndernimmer

26 okt 2020 - 14:24

It supermerkplein is skjin, de parkearplakken kreas ûnderhâlden en de winkel is klear foar in nije ûndernimmer. Yn Wynjewâld stean se te springen om in ambisjeuze ûndernimmer dy't de supermerk yn it doarp wer ta libben bringt.

Foto: Wynjewâld

Twa jier lyn gong de winkel yn flammen op. Dêrmei kaam der in ein oan de drokte op it supermerkplein. Dêr moat feroaring yn komme, fine ynwenners fan it doarp. In groepke minsken hat de winkel opkocht en klearmakke foar in nije supermerkeigener. Mar dêr knypt it: wa doart yn dizze ûnwisse tiid de útdaging oan te gean en stap der yn?

De nije ûndernimmer mei op de stipe rekkenje fan it doarp, fersekeret de inisjatyfgroep. Sa stiet der profesjonele begelieding klear foar de supermerkeigener om der in sukses fan te meitsjen.

Trefwurden: 
Wynjewâld supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)