Ofslútdyk ticht yn nacht fan moandei op tiisdei

26 okt 2020 - 14:16

De Ofslútdyk is yn de nacht fan moandei op tiisdei sletten foar alle ferkear. Om tolve oere fannacht wurdt de dyk ôfsletten yn beide rjochtingen fanwege wurksemheden oan de dyk. It giet om spoedwurksumheden.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Oerdeis kinne automobilisten oer ien rydstrook ride. Neffens Rykswettersteat docht bliken dat ien rydstrook yn it tsjuster by Breesândyk te gefaarlik is, omdat autobestjoerders oer in stikje fan 150 meter ferbline reitsje kinne troch de tsjinlizzers. Yn de nacht fan moandei op tiisdei wurdt dit probleem oplost troch pealtsjes te pleatsen op de ôfskieding dy't de ferblining tsjingean.

De wurksumheden sille duorje oant 5 oere tiisdeitemoarn. Ferkear wurdt yn de nacht omlaat troch de polder of de dyk fan Enkhuizen nei Lelystad.

Trefwurden: 
Ofslútdyk Rykswettersteat
(Advertinsje)
(Advertinsje)