Hoe reagearje wy op it bestraffende fingerke fan premier Rutte?

Nei alle gedachten warskôgje premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge ús tiisdei yn de parsekonferinsje foar saneamde 'draconische' maatregels as wy ús net oan de coronamaatregels hâlde. Dêrmei wurdt doeld op in strange lockdown. Dizze oankundiging soarget der foar dat minsken no al yn panyk reitsje of lilk wurde, fertelt sûnsenssoarch-psycholooch Anneke Hol fan GGZ Friesland. "Der binne trije soarten reaksjes: fight, flight of freeze."
Hoe reagearje wy op it bestraffende fingerke fan premier Rutte?
Wat hinget ús boppe de holle? It is de grutte fraach dêr't hiel Nederlân him de holle oer brekt. "Just omdat wy dat net witte, makket dizze situaasje ekstra spannend", leit psycholooch Hol út. "Jo kinne net by ien yn de holle sjen, mar minsken moatte no allegear foar harsels in plaatsje meitsje. Elkenien besiket te betinken: 'Wat no as..' en 'Stel no dat..'. Dat soarget dat dizze fragen in grut plak krije yn dyn holle, boppe-op de deistige saken dêr'st dy drok om meitsje moast. Dat soarget der foar dat minsken fêstrinne."
Ek yn har wurk fernimt Hol dat minsken hjir lêst fan ha. "In part fan de pasjinten doart net mear te kommen. Wy ha bygelyks ek minsken mei smetfrees, dy't net mear nei harren terapy doarre te kommen."

Wach wêze

It strange fingerke fan premier Rutte kin boppedat lilkens oproppe, ferwachtet de psycholooch. "Dat is in natuerlike reaksje: Wa bisto om foar my te bepalen wat ik wol of net mei?" De goeie kant is dat minsken wach wurde. Hol ferwachtet dat dit it doel fan Rutte is. "Dat is de positive kant, mar minsken kinne oan de oare kant ek sa bang wurde dat se klem komme te sitten en net mear goed neitinke kinne. Dan ha je der mear lêst fan as dat je wach wurde."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
GGZ-psycholooch Anneke Hol
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Telefoan readgleon by kappers

Ek by kapperssaken fernimme se dat minsken noch rap in ôfspraak meitsje wolle, mocht der in lockdown komme. Geartsje van der Ploeg fan AMI Kappers yn Drachten sjocht in feroaring by har klanten. "It is sûnt ferline wike wer folle drokker. De telefoan stiet readgleon. Klanten jouwe oan dat se noch efkes nei de kapper wolle no't it noch kin", fertelt Van der Ploeg. Sels is se net benaud dat se har doarren wer slute moat. "It is echt in omslachwike, want it kin fansels wêze dat we wol wer ticht moatte."

Drokte by skjintmespesjalisten

Ek skjintmespesjaliste Kristine Zuidema yn Surhústerfean hat it drok. "De fraach is seker omheech gien. Minsken freegje spesifyk om in ôfspraak foar tiisdeitejûn", fertelt se. Neist de gruttere fraach binne der ek hieltiid mear ôfsizzings. "Mear minsken sizze ôf om't se bygelyks griperich binne. Dêrtroch hâld ik it wol yn balâns."
Kapster Geartsje van der Ploeg
Al dizze reaksjes binne hiel begryplik, leit psycholooch Hol út. "By in ûnwisse situaasje sjochst dat in groep minsken kreatyf wurdt. Dat binne de fearkrêftige minsken. Dy tinke fuortendaliks: wat kin ik der sels oan dwaan? Dy gean bygelyks no noch rap nei de kapper. Mar der is ek in kategory minsken dy't krekt oarsom reagearje. Dy befrieze: oe heden, wat moat ik no?"

Hoe lang is dit fol te hâlden?

It wurdt hieltyd lestiger foar minsken om de maatregels fol te hâlden, fernimt de psycholooch. "Wat soe it geweldich wêze dat we wisten hoe lang it noch duorret. Dan kinne wy der nei ta libje en ús der by del lizze. Mar just dy ûnwissens makket it ekstra dreech. Wy ha as minsken hâldfêst nedich. Dat we witte hoe lang we dit folhâlde moatte. En krekt dy hâldfêst is der net."