Minsklike resten op It Amelân binne op syn minst 1700 jier âld

26 okt 2020 - 12:52

In bonke fan in minske, dat yn de maitiid op it strân fan It Amelân fûn waard, docht bliken op syn minst 1700 jier âld te wezen. Dat is nei ûndersyk fêststeld troch it Nederlands Forensisch Instituut (NFI), sa seit de plysje.

Foto: Plysje Noardeast-Fryslân

De plysje yn petear mei ferslachjouwer Mats Gies oer de minsklike resten

In eilânbewenner fûn de bonke op 29 maart op it strân. Om't it fermoeden bestie dat it om de bonke fan in minske gie, socht de eilanner kontakt mei de plysje op It Amelân. Der waard tocht dat it om in mooglik fermist persoan gean soe en dat troch DNA-ôfname mooglik neibesteanden trasearre wurde koenen.

Romeinsk minske

De bonke is in 'opperarmbeen', dat tahearde oan in persoan dy't libbe hat yn de Midden Romeinske tiid en dy't tusken sirka 87 en 250 jier nei Kristus ferstoarn is. De bonke is yntusken oerjûn oan in archeologysk ynstitút.

Undersiker Johan Nicolay fan de RUG oer de fynst

(Advertinsje)
(Advertinsje)