Undersyk nei 'fersteurders' fan waadfûgels by De Westhoek

26 okt 2020 - 12:30

Yn de kwelder by De Westhoek is ûndersocht hoe faak oft de fûgels dêr fersteurd wurde. Mei dizze resultaten wolle de ûndersikers sjen hoe't je dêr én op oare plakken wat oan dwaan kinne. Vogelbescherming Nederland, Sovon Vogelonderzoek en It Fryske Gea wurkje gear om dat foar elkoar te krijen. Dêrby is gebrûk makke fan de nijste techniken.

De kwelder by Westhoek mei in wifiteller - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ûndjippe kwelders binne saneamde heechwetter-flechtplakken foar fûgels. As by heech wetter hieltyd mear fan de Waadsee ûnder wetter komt te stean, moatte de fûgels in rêstich plak fine dêr't sy leech wetter ôfwachtsje kinne. It Waadgebiet by De Westhoek is ien fan de wichtichste heechwetter-flechtplakken.

"It is ien fan de wichtichste plakken fan de westlike Waadsee mei Gryn en mei de Richel en de Vliehors", seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. "Dat binne plakken dêr't tsientûzenen fûgels mei heech wetter by elkoar komme. De Westhoek is dêr ien fan en dat hat ek te krijen mei it feit dat it ek ticht by in wichtich itensgebiet leit, lykas de Ballastplaat. Ast as fûgel fan de Ballastplaat nei de Fryske kust fljochst, is De Westhoek de earste kwelder dy'tst tsjinkomst."

Ynternasjonale betsjutting

De kwelder is ek ynternasjonaal fan grutte betsjutting omdat der yn dat ferbân geregeld grutte oantallen kluten en reade grillen sitte, plus hiele hege oantallen bercheinen en wylpen. Mar dat witte de minsken ek en de lokaasje is goed berikber mei in parkearplak der by. Dus is it der op guon mominten bêst drok.

Ferline wike moandei wiene der tolve minsken te finen ticht tsjin de râne fan de kwelder oan by heech wetter. Kleefstra hat der simmerdeis wolris tritich minsken sjoen. "De meast fersteuringsgefoelige fûgels wike dan út nei de sydkanten fan de kwelder, dêr't sy kwetsber binne foar minsken dy't oer de dyk kuierje."

Besikers oan Westhoek ûnderweis mei klapstuollen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It ûndersyk dat no útfierd wurdt, is in ferfolch op in earder projekt, wêrby't ek al is sjoen is nei hoe't je minsken bewust meitsje kinne fan harren gedrach. Der stiet no in ynformaasjepaniel dat minsken ynformearret oer hoe't sy harren gedrage moatte.

Wifiteller

Yn it nije ûndersyk hawwe studinten minsken teld en hânhaveners besikers ynterviewd. Dêrneist binne fjouwer peallen delset mei sinnepanielen. Kleefstra: "Dat binne Wifitellers. Dy registrearje op hokker tiidstippen der mobile telefoans ticht by sa'n peal komme. Dêrmei kinne je hiel goed patroanen fêstlizze wannear't en wêr't minsken op de kwelder aktyf binne."

Besikers oan it Waad by it Skoar by Ternaard by heech wetter - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Meitinke

It gebiet ôfslute wol natoerbehearder It Fryske Gea net. Dus wurdt nei oare oplossings sjoen. Oplossings dy't mooglik ek op oare heechwetter-flechtplakken yn te setten binne. It publyk wurdt ek frege om mei te tinken.

Jan-Jelle Jongsma fan It Fryske Gea: "Wy wolle minsken ek aktyf oproppe om middels de websites fan de fûgelbeskerming of It Fryske Gea mear ynformaasje op te sykjen en kontakt op te nimmen foar online-gearkomsten dy't wy organisearje wolle. Wy soene hjir earst by de lokale hoareka in gebietsgearkomste organisearje. Wy hawwe ek ledelisten, minsken dy't lid binne fan de fûgelbeskerming of It Fryske Gea. Dêrnjonken hawwe wy ek oproppen dien oan doarpsbelangen en oare belutsen minsken dy't hjir wol op de kwelder komme dat sy harren melde kinne om mei te tinken oer ús pilot 'Dynamysk Kustbehear'."

Griene flagge

Dat wol net sizze dat der hielendal noch gjin ideeën binne, seit Jongsma: "Wy binne wat dat oanbelanget oan it learen ûnderwylst de pilot Dynamysk Kustbehear rint oer hokker mooglikheden wy hawwe om minsken bewust te meitsjen. Je kinne it bygelyks mei buorden oanjaan, mar je kinne ek in tou spanne dêr't minsken net oerhinne komme meie. Je kinne der ek foar kieze om der bygelyks in tintsje del te setten mei frijwilligers dy't minsken byprate. Mar je kinne ek sjen nei strannen oan de Noardseekust. Dêr hingje sy op it iene momint in griene flagge dat je der swimme meie en as der in reade flagge hinget, moatte je der net komme. Dat soe ek in mooglikheid wêze kinne om minsken by de fûgels wei te hâlden."

Remco de Vries makke de reportaazje

(Advertinsje)
(Advertinsje)