UPDATE: Grutte stroomsteuring yn 40 strjitten yn Hylpen en Warkum ferholpen

26 okt 2020 - 12:21

Hûshâldens yn sa'n 40 strjitten yn Hylpen en Warkum sieten moandei ûngefear in oere sûnder stroom. Om 13.00 oere hinne wie de steuring oer. De oarsaak fan de steuring is net bekend.

Foto: Omrop Fryslân

It gie om strjitten mei de postkoades 8711 en 8713. Neffens de netbehearder gie it om minder as 500 hûshâldens.

Trefwurden: 
stroomsteuring Warkum Hylpen
(Advertinsje)
(Advertinsje)