Gemeente Skylge oer krapte op huzemerk: "Provinsje sit ús nijbouplannen yn 'e wei"

26 okt 2020 - 12:15

Op Skylge moatte mear nije hier- en keaphuzen komme, foaral foar minsken mei in net al te grutte beurs sa as starters. Dat wol fraksjefoarsitter fan de PvdA Christa Oosterbaan. Op it eilân is in gruttere behoefte as wat der op stuit by komt oan huzen. Mar de provinsje beheint de gemeente neffens har om mear huzen te bouwen.

Gemeente Skylge oer krapte op huzemerk: "Provinsje sit ús nijbouplannen yn 'e wei"

De huzekrapte op it waadeilân is al jierren in probleem. Yn 2016 hat der in ûndersyk west nei de wenningmerk. Dêr kaam út dat starters en jonge húshâldingen hiel dreech oan in keaphûs komme kinne op de Waadeilannen. De huzen binne gemiddeld folle djoerder as op de fêste wâl en ek de trochstreaming út hierwenningen is lyts.

De provinsje sei doe dat de gemeenten op de eilannen no mear romte krije om nije huzen te bouwen, mar neffens Oosterbaan is it probleem fjouwer jier letter noch hieltyd net oplost en wurket de provinsje dêr ek net goed oan mei.

Benaud foar krimp

"Een paar jaar terug heeft gedeputeerde Klaas Kielstra gezegd dat ze het wooncontingent van onze gemeente afgehaald zou worden, maar nu wordt er nog steeds een maximum opgelegd voor het bouwen van huizen."

Neffens Oosterbaan is de provinsje benaud foar krimp, mar dat it net terjochte. "Wij passen natuurlijk heel goed op dit prachtige eiland. Leegstand heb je hier nooit. Daar hoef je niet bang voor te zijn."

It probleem begjint Oosterbaan aardich te frustrearjen. "Ik zit al elf jaar in de raad en dit is vanaf het begin al een issue. Het is jammer want we hebben dit zo nodig voor onze leefbaarheid. Het is bijna niet te doen. Jongeren hebben we hier nodig om te werken. Zo wordt het een vicieuze cirkel. De eilandbewoners willen ook graag dat er gebouwd wordt, maar dat kunnen we helaas niet als gemeente doen."

Oosterbaan hat der wol fertrouwen yn dat de situaasje op de wenningmerk oanmerklik ferbetterje sil as alle plannen dy't er no lizze útfierd wurde.

Christa Oosterbaan - Foto: Omrop Fryslân

In twadde wenning op it hiem

De gemeente mei fan de provinsje no wol 135 wenningen bouwe. Dat docht de gemeente op ferskate wizen. Fyftich hierhuzen wurde as alles goed giet delset troch wenningbouferiening WoonFriesland. In earste perseel foar 21 huzen leit bouryp yn West-Skylge en it liket derop dat WoonFriesland dêr bouwe sil. Mar oer de rest binne noch gjin heldere ôfspraken. Derneist wurde noch sa'n 20 wenningen realisearre troch ûntwikkelers en foar de lêste 65 wenningen wurdt sjoen nei partikuliere bou. Plannen binne der wol. Mar der stiet hast noch neat.

Wethâlder Sietze Haringa seit dat it hiel dreech is om nije wenningplakken te finen omdat fyftich persint fan it eilân Natura2000 gebiet is of dêr te tichteby leit. Derom binne se foar nijbou ek ôfhinklik fan partikulieren dy't in twadde wenning op it hiem delsette wolle. "Daar was veel belangstelling voor. We hebben zelfs 20 gevallen in de wachtkamer gezet voor als er initiatieven toch niet door kunnen gaan."

Wat docht gemeente noch mear foar de huzemerk?

Neist de bou fan huzen besiket de gemeente ek noch op oare wizen romte te krijen op de huzemerk. Der binne nammentlik wenningen dy't bestimd binne foar permanint wenjen, mar dêr't gjinien ynskreaun stiet.

Haringa: "Door daar naar te kijken vonden we 65 huizen. In sommige situaties zijn bijvoorbeeld ouders overleden en zijn kinderen eigenaar van het huis terwijl ze niet op het eiland wonen. Maar in andere situaties werden ze voor recreatie gebruikt."

"Het zijn geen grote getallen", seit Haringa. "Maar we hebben hierdoor ruim twintig woningen bewoond gekregen, die voorheen leeg stonden of recreatief verhuurd."

Op dit stuit rint der ek in ûndersyk om de keappriisgrins foar minsken dy't fan de fêste wâl komme, op te heegjen. Op dit stuit meie minsken fan de fêste wâl net in hûs keapje ûnder de 450.000. De gemeente ûndersiket no oft dy priis nei 600.000 kin, om jongerein mear kâns te jaan.

De provinsje seit yn in reaksje dat der yn earste ynstânsje in ôfspraak makke is mei de gemeente Skylge foar de bou fan 135 huzen. Pas as dy der steane, kin sjoen wurde wat it effekt hjir fan is op de wenningmerk. Mocht bliken dwaan dat der dan noch mear nedich binne, giet de provinsje op 'e nij mei de gemeente om 'e tafel.

Trefwurden: 
Skylge huzemerk nijbouplannen
(Advertinsje)
(Advertinsje)