Frou bedarret mei auto yn 'e sleat by Seisbierrum

Yn Seisbierrum is moandeitemoarn in frou mei har auto yn de sleat belâne. It ûngelok barde oan de Frjentsjerterdyk. De frou rekke troch in noch ûnbekende oarsaak yn de berm, wêrnei't se úteinlik yn de sleat bedarre.
© CAMJO media
De ynsitter is ûndersocht troch it ambulânsepersoniel, mar hoegde net mei nei it sikehûs. In berger hat de wein fuortsleept.