Hallum bout bysûndere túnmuorre fan 50 meter: 'Histoaryske karakter doarp fersterkje'

26 okt 2020 - 10:36

Yn Sina ha se de Sineeske Muorre, yn Jeruzalem de Klaagmuur en yn Hallum komt in unike túnmuorre. Op de terp yn Hallum wurdt dizze wiken hurd wurke oan in túnmuorre fan sa'n 50 meter lang. De muorre is ûnderdiel fan it werynrjochtingsplan fan de Terp en moat it histoaryske karakter fan it doarp fersterkje.

Op it plak dêr't de muorre komt, stiene earder fjirtjin senioarewenten. Dy binne yn 2018 sloopt en dêrfoar komme no tsien wenten werom.

It doel fan it werynrjochtingsprojekt is om de âlde terpen wer better yn sicht te bringen. "Dat minsken ek echt sjen kinne dat Hallum op in terp leit", seit Dirk Vis fan de wurkgroep. "No't dy huzen sloopt binne, kinne je eins sjen hoe prachtich moai byld je op de terp hawwe en de tsjerke komt prachtich moai út", seit Vis.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

"As je Hallum ynride dan sjogge je it net sa goed, mar as je fan boppen sjoggen dan sjogge je watfoar moaie radiaalstruktuer Hallum hat. De tsjerke yn it midden, mei in tsjerkepaad deromhinne, fan it tsjerkepaad ôf nei de rûnwei ha je allegearre paden rinne. Dat sjogge je no net, it is no krekt de bedoeling om dat oan de noardkant fan de terp moai yn byld te bringen. Dat begjinne je no te sjen", seit Vis.

De nijbouhuzen komme krekt oars te stean, sadat it sicht op de terp behâlden bliuwt.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by de werynrjochting

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De unike muorre dy't boud wurdt, is in ôfskieding tusken de âlde wenten en de nijbouwenten. De muorre wurdt boud mei ambachtlike stiennen. Deromhinne komme fruitbeammen, lykas eartiids. "Der is in bepaalde soarte út Hallum, in parrebeam de Hallemine Bonne, dy hawwe se wer weromfûn. Dy binne se no wer opnij oan it kweken", leit Sieta van der Woude fan it Doarpsbelang út.

It Doarpsbelang hopet dat Hallum troch de werynrjochting oantrekliker wurdt foar toeristen, no't it sicht op de terp en tsjerke moaier wurden is en der mear grien is. It duorret lykwols noch wol efkes foardat it folsleine plan klear is. De oplevering stiet pland foar 2022.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by de bou fan de muorre

(Advertinsje)
(Advertinsje)